Skip to main content

Genealogysk Wurkferbân

It Genealogysk Wurkferbân graaft yn 't papierene ferline fan Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten. Hja jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.

Nei de Twadde Wrâldoarloch is it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy oprjochte om de krêften op dat mêd te bondeljen. Nei 1970 hat it Wurkferbân in grutte flecht naam, sadat it op in beskaat momint mear as 500 leden telde.

Ut de leden fan it Genealogysk Wurkferbân is yn 1956 in beheind tal leden ynstallearre as de Fryske Rie foar Heraldyk. Dy Rie hâldt him dwaande mei alle saken dy't wapens en flaggen oanbelangje.

 

Oprjochtingsjier

1946 

 

Bestjoer en kontakt

    Gosse van der Plaats, foarsitter (e-mail: g.vanderplaats@knid.nl)
    dr. Jabik van der Bij, skriuwer
    Anne Hielke Lemstra, lid
    Henk Zeinstra, lid

 

 

Wat dogge wy allegear?

It Genealogysk Wurkferbân:

  • riedt de útjefte ta fan it Genealogysk Jierboek;
  • organisearret gearkomsten dêr't in genealogysk of heraldysk ûnderwerp yn oan 'e oarder steld wurdt om de kennis en it ynsjoch fan 'e leden te fergrutsjen;
  • organisearret alle jierren in ekskurzje nei in pear tsjerken om grêfsarken, roubuorden ensfh. te besjen;
  • organisearret ienkear yn 'e twa jier in Genealogyske Dei yn 'e mande mei de ôfdieling Fryslân fan de Nederlandse Genealogische Vereniging en de stifting Freonen fan de Argiven yn Fryslân;
  • hat in Grêfskriftekommisje, dy't ûndersyk docht nei grêfstiennen dy't by tsjerkerestauraasjes foar 't ljocht komme. Mear ynfo sjoch ûnderoan dizze side.

Genealogysk Wurkferbân docht gjin genealogysk ûndersyk foar tredden. Guon leden binne wol ree om soks persoanlik, tsjin fergoeding, te dwaan. Genealogen kinne foar harren ûndersyk yn Fryslân û.o. terjochte by Tresoar, it Histoarysk Sintrum Ljouwert, it Streekargyf Noardeast-Fryslân en yn alle gemeente-argiven yn Fryslân.

 

 

Gearkomsten

Gearkomsten fan it Genealogysk Wurkferbân fine plak yn it winterskoft, yn 'e regel op in sneontemiddei om 13.30 oere yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

 

 

Winterskoft 2017-2018

Sneon 12 oktober 2017: Reiske nei Gaasterlân (neiere meidielings folgje noch)

Sneon 4 novimber 2017: Prof. dr. Hans Mol (Fryske Akademy) oer it digitalisearringsprojekt Fryslân 1750-1900: persoanen en perselen, sjoch ek it portaal HisGIS Dokkum.

Sneon 2 desimber 2017: Presintaasje Genealogysk Jierboek 2017, taljochting troch de auteurs (neiere meidielings folgje).

 

Winterskoft 2016-2017

Sneon 22 april 2017: Piter van der Woude oer âlde famyljegeheimen: 'Alde geheimen sykje it ljocht'. Net te ferklearjen saken út it ferline fan in famylje bliuwe it neiteam fassinearjen. Faak komt dat ‘net te ferklearjen’ troch ferswijen. Om’t de ear fan ‘e famylje rêden wurde moast. Of om’t skamte en skande bedutsen wurde moasten. Mar it ferswijen hat fan gefolgen dat der in gat, in leech plak, yn it famyljebyld ûntstiet. It plaatsje is net folslein, der mist in namme, in beppe, in oerpake. It gat wol folle wurde, it geheim siket it ljocht. Dizze presintaasje giet oer it sykjen nei in ûnbekende oerpake yn Piter syn famylje. “Pake hie gjin heit, pake hie allinnich in mem”.
Plak: Café Wouters, Ljouwert. Tiid: 13.30 oere. Utnûging: (Frysk) (Nederlânsk)

Sneon 11 maart 2017: Dick Bunskoeke oer de Harnzer mûnen, eigners en famyljes: 'Mensen, molens, bedrijven'. Yn de sechtjinde iuw kaam de earste Fryske oaljemole by Harns te stean, fluch nei 1600 folgen de earste beide Fryske papiermûnen. Yn 1616 kaam de earste houtseachmole fan Fryslân, as earste fan in hiele rige. De bou fan de mûnen waard finansiere troch in relatyf lytse groep foaroansteande stedsjers, dy’t ek hyltyd mear as eigners fan de mûnen yn ‘e boeken kamen. Guon famyljes koene generaasje nei generaasje harren bedriuwen behâlde en foarmen sa in wiere “mûnedynasty”. De grutte rol fan begoedige, meniste ynwenners falt op by al dizze warberens. In ûndersyk nei de 35 stânplakken fan ferdwûne wynmûnen en de dêrby belutsen eigners en mûnders liede yn 2016 ta in nij boek (sjoch dizze folder), mei in yndeks fan hast 900 persoansnammen. De skriuwer sil yn syn lêzing foaral oan de hân fan dizze persoanen it ferline fan de mûnen fan Harns beljochtsje.
Plak: Histoarysk Sintrum Ljouwert. Tiid: 13.30 oere. Utnûging: (Frysk) (Nederlânsk)

Sneon 3 desimber 2016: Utrikking fan it Genealogysk Jierboek 2016.

Sneon 5 novimber 2016: Leo Bijvoet oer famylje en webstek Bijvoet.

 

  

 

 

Grêfskriftekommisje

Yn 'e rin fan 'e ôfrûne jierren binne ferskate tsjerken yn Fryslân restaurearre. De Grêfskriftekommisje fan it Genealogysk Wurkferbân makket, sadree't er weet kriget dat der earne in tsjerkeflier útgiet, in sekuere ynventarisaasje fan bekende en ûnbekende grêfskriften op 'e sarken.