Fryske Rie foar Heraldyk
Lykas de namme al oanjout, is de Fryske Rie foar Heraldyk in kommisje dy't rie jout. Dy rie leit op it mêd fan wapens fan de provinsje, de gemeenten, de wetterskippen, de wapens fan steden, flekken en doarpen en de besteande famyljewapens. Boppedat ûntwerpt de Rie wapens, flaggen en wimpels foar û.o. doarpen, famyljes en korporaasjes, lykas skoallen, ferienings ensfh.
Fierders is de Rie warber op it mêd fan it flagge-protokol, it advisearjen by restauraasjes (heraldyske ôfbyldings), it jaan fan lêzings en heraldyklessen. Dêrneist fersoargje guon leden publikaasjes oer ferskate heraldyske ûnderwerpen. Ien en oar moat te krijen hawwe mei de Fryske lannen.
De Fryske Rie foar Heraldyk is oprjochte yn 1956 en is it âldste provinsjaal heraldysk kolleezje yn Nederlân en bestiet út spesjalisten, dy't op grûn fan harren saakkundigens ta lid fan de Rie beneamd binne. It giet by dizze rûnte dus net om in wurkferbân dat frij tagonklik is. Stipers en leden fan 'e Akademy kinne dêrom gjin lid wurde fan 'e ried.
Oprjochtingsjier
1956
Bestjoer en kontakt
Foarsitter: Mr. J.T. Anema
Twadde foarsitter: J.C. Terluin
Skriuwer: K.J. Bekkema (e-mail)
Lid - banistyk: P.H. van den Muijzenberg
Lid - wapentekener: R.J. Broersma
Leden: Drs. D.J.Muntendam, Drs. A. Looijenga
Korrespondearend lid: Dr. C.J. Kuiken
Dorpswapens in Fryslân
Spesjaal foar it 70-jierrich jubileum fan de Fryske Rie foar Heraldyk fan de Fryske Akademy is in nije útjefte makke oer doarpswapens fan Fryslân. Kommissaris Brok krige it boek sneon 3 oktober 2026 oerlange út hannen fan heraut en foarsitter Jan Anema.
De publikaasje Dorpswapens van Fryslân is skreaun en gearstald troch de herauten Jan T. Anema en Jelle C. Terluin. Dêryn binne 408 doarpswapens opnommen. Foar doarpen dy’t noch gjin wapen hiene hat de Rie in ûntwerp makke. Dêrmei is dit boek in bysûndere kolleksje fan doarpswapens fan Fryslân.
Dorpswapens in Fryslân is ek te keap by Afûk.