Skip to main content Skip to page footer

Dei fan de Fryske Taalkunde 2026

Freed 11 desimber 2026

De Fryske Akademy organisearret op freed 11 desimber 2026 de 14e Dei fan de Fryske Taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy't direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk. 

Wa't op dy dei in lêzing of presintaasje hâlde wol, kin dêrta in foarstel oan de organisaasje takomme litte. Bejoch dêrfoar de Call for Papers. Ynstjoere kin oant en mei 15 oktober 2026. 

Wa't allinnich as taharker dielnimme wol, is fansels ek fan herte wolkom. Oanmelde kin fia it oanmeldformulier.

 

Fergees

Krekt as yn oare jierren is ek dizze Dei fan de Fryske Taalkunde fergees tagonklik. Wy soargje foar kofje, tee en in ienfâldige lunch foar de dielnimmers dy't de hiele dei oanwêzich binne.

Foar yn 't bûsboekje

  • Deadline Call for Papers  |  15 oktober 2026
  • Berjocht fan dielname  |  23 oktober 2026
  • Registraasje  |  Foar 4 desimber 2026
  • Dei fan de Fryske Taalkunde  |  Freed 11 desimber 2026