Genealogysk Wurkferbân
It Genealogysk Wurkferbân (sûnt 1946) graaft yn 't papierene ferline fan Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten. Hja jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.
Nei de Twadde Wrâldoarloch is it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy oprjochte om de krêften op dat mêd te bondeljen. Nei 1970 hat it Wurkferbân in grutte flecht naam, sadat it op in beskaat momint mear as 500 leden telde. Ut de leden fan it Genealogysk Wurkferbân is yn 1956 in beheind tal leden ynstallearre as de Fryske Rie foar Heraldyk. Dy Rie hâldt him dwaande mei alle saken dy't wapens en flaggen oanbelangje.
Foaroan fan lofts nei rjochts: dr. Jabik van der Bij (skriuwer), dra. Anneke Westerhuis-de Jager.
Efteroan fan lofts nei rjochts: Anne-Hielke Lemstra, Jelle de Jong, Rinse Spits en Gosse van der Plaats (foarsitter).
Oer it Genealogysk Wurkferbân
It Genealogysk Wurkferbân:
- riedt de útjefte ta fan it Genealogysk Jierboek;
- organisearret gearkomsten dêr't in genealogysk of heraldysk ûnderwerp yn oan 'e oarder steld wurdt om de kennis en it ynsjoch fan 'e leden te fergrutsjen;
- organisearret alle jierren in ekskurzje nei in pear tsjerken om grêfsarken, roubuorden ensfh. te besjen;
- organisearret ienkear yn 'e twa jier in Genealogyske Dei yn 'e mande mei de ôfdieling Fryslân fan de Nederlandse Genealogische Vereniging en de stifting Freonen fan de Argiven yn Fryslân;
- hat in Grêfskriftekommisje, dy't ûndersyk docht nei grêfstiennen dy't by tsjerkerestauraasjes foar 't ljocht komme. Mear ynfo sjoch ûnderoan dizze side.
Genealogysk Wurkferbân docht gjin genealogysk ûndersyk foar tredden. Guon leden binne wol ree om soks persoanlik, tsjin fergoeding, te dwaan. Genealogen kinne foar harren ûndersyk yn Fryslân û.o. terjochte by Tresoar, it Histoarysk Sintrum Ljouwert, it Streekargyf Noardeast-Fryslân en yn alle gemeente-argiven yn Fryslân. Dizze ynstellingen nimme ek genealogyske publikaasjes, fakentiden basearre op ûndersyk yn dy argiven, graach op yn harren kolleksje. Foar net-publisearre ûndersyk en databestanenn is gjin plak yn harren kolleksjes. De Stichting Erfgoed Fundaasje is dêr ûnder betingsten wol ree ta. Dizze ynstelling kin yn oerlis wol ûnkostefergoeding yn rekken bringe.
Grêfskriftekommisje
Yn 'e rin fan 'e ôfrûne jierren binne ferskate tsjerken yn Fryslân restaurearre. De Grêfskriftekommisje fan it Genealogysk Wurkferbân makket, sadree't er weet kriget dat der earne in tsjerkeflier útgiet, in sekuere ynventarisaasje fan bekende en ûnbekende grêfskriften op 'e sarken.
- Ferslaggen fan 'e Grêfskriftekommisje binne te finen op de website fan Hessel de Walle.
- Lês hjir in lytse skiedskriuwing (pdf-dokumint) fan it wurk fan 'e Grêfskriftekommisje troch Meindert Tangerman
- Kontakt mei de kommisjeleden kin fia Meindert Tangerman (e-mail) of Hessel de Walle (e-mail).
Ferslagen en dokuminten
2026
2025
- Ferslach gearkomste 4 jannewaris 2025 (Maurice D. Heeremans en Niki Hiemstra)
- Utnûging 4 jannewaris 2025 (Maurice D. Heeremans en Niki Hiemstra)
- Ferslach gearkomste 1 febrewaris 2025 (Sian Wierda)
- Utnûging gearkomste 1 febrewaris 2025 (Sian Wierda)
- Ferslach mienskiplike gearkomste mei NGV 8 maart 2025
- Utnûging gearkomste 5 april 2025 (Reijer J. de Vries)
- Ferslach gearkomste 5 april 2025 (Reijer J. de Vries)
- Utnûging ekskurzje 13 septimber 2025 (Skipfeartmuseum Snits)
- Ferslach ekskurzje 13 septimber 2025 (Skipfeartmuseum Snits)
- Utnûging gearkomste 25 oktober 2025 (Klaas Abma)
- Ferslach gearkomste 25 oktober 2025 (Klaas Abma)
- Utnûging gearkomste 29 novimber 2025 (Rob Dix)
- Ferslach gearkomste 29 novimber 2025 (Rob Dix)
2024
Aginda
Winterseizoen 2025-2026
Sneon 3 jannewaris 2026
Kollegetour n.o.f. it boek ‘En toch willen we liever hier blijven’ fan Tjitte de Vries. De Vries fertelt it oangripende ferhaal fan syn Joadske foarâlden dy't foar de oarloch út Poalen flechten en yn Amsterdam in nij libben opbouden. Henk van der Veer sil dizze middei lieding jaan oan it petear tusken De Vries en it publyk.
It boek fan De Vries is yn it skoft te keap foar €15,-
Utnûging mei mear ynformaasje >>
- Sneon 31 jannewaris 2026 Lêzing fan Martha van der Zwaag oer de famylje Pilat
- Sneon 7 maart 2026 Mienskiplike gearkomste fan de NGV en de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy, mei in lêzing fan Jan Auke Walburg oer 'Friezen op zee. De Gouden eeuw van de koopvaardij in Friese steden en dorpen’
- Sneon 4 april 2026 Presintaasje fan it 75e Genealogysk Jierboek
----
Earder yn it Winterseizoen 2025-2026
Sneon 29 novimber 2025
Lêzing fan Rob Dix oer Middeleeuws Vlechtwerk, in database mei genealogyske gegevens fan likernôch 140.000 persoanen dy't foar 1700 berne binne (ynkl. ca. 7.000 Friezen)
Utnûging mei mear ynformaasje >>
Sneon 25 oktober 2025
Lêzing fan Klaas Abma oer ‘Voorlanden, boerderijen en landerijen van mijn voorouders 1700-2000'
Utnûging mei mear ynformaasje >>
Sneon 13 septimber 2025 Reiske Skipfeartmuseum Snits (13:30, Kleinzand 16, 8601 BH Sneek)
It programma bestiet út in lêzing fan âldskipper Pier Sijbranda en in rûnlieding troch it Fries Scheepvaartmuseum.
Mear ynformaasje >>