Skip to main content Skip to page footer

Akademydei 2026, BOEL (Zalen Schaaf), Ljouwert

De Fryske Akademy nûget jo fan herte út by de jierlikse Akademydei, ús 88ste Dies Natalis. Hâld de middei fan freed 11 septimber frij yn jo aginda.

It nije akademyske jier begjint foar de Fryske Akademy, dêr't it Mercator Europeesk Kennissintrum ûnderdiel fan is, mei de fiering fan de dies natalis, de dei fan de oprjochting fan it ynstitút. Alle jierren nûget de Fryske Akademy - op de freed fan, foar of nei de 10e septimber - de leden, stipers en relaasjes út om mei-inoar werom te sjen op it ôfrûne jier, mar foaral om mei-inoar foarút te sjen nei moaie gearwurkingen, projekten en wittenskiplike útdagings. 

Op de Akademydei wurde tradisjoneel de nije leden fan de Fryske Akademy beneamd. Dit jier wurdt ek de Skripsjepriis 2024-2026 útrikt.

Akademydei 2026

Op freedtemiddei 11 septimber 2026 is elkenien fan 13:30 oere ôf fan herte wolkom yn BOEL (foarhinne Zalen Schaaf) yn Ljouwert. Haadsprekkers binne archeolooch en paleobotanist Mans Schepers (RuG) en geurûndersiker Eveline de Smalen (Meertens Instituut), dy't fertelle sille oer de natuer yn de tiid fan kening Redbad en de geuren fan Fryslân. Fierder sille nije leden fan de Fryske Akademy beneamd wurde en wurdt de winner fan de Skripsjepriis bekend makke. 

Programma

Fan 13:30 oere binne jo wolkom (ynrin mei kofje/tee en lekkers). We begjinne om 14:00 oere, it programma duorret oant krekt foar 16:00 oere, mei noch in lyts skoft om 15:00 oere. Fan 16:00 oere ôf is it tiid om te proasten, te praten en te jeu-de-boulen! Oanmelde kin op ús Akademydei-pagina.

Foto's Akademydei 2024 en 2025

Sjoch foar foto's fan de Akademydei yn 2025 en 2024 ek op de Akademydei-pagina.