Genealogysk Wurkferbân: Ekskurzje Skipfeartmuseum Snits
De leden fan it Genealogysk Wurkferbân jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.
Alle jierren organisearret it Genealogysk Wurkferbân in rige gearkomsten. De lêzings binne yn Tresoar en fergees tagonklik foar elkenien.
Reiske nei it Fries Scheepvaart museum
It bestjoer fan it Genealogysk Wurkferbân nûget jo út foar it mienskiplike reiske mei Afdeling Friesland fan de NGV (Nederlandse Genealogische Vereniging) op sneon 13 septimber 2025. Om 13:30 oere binne wy wolkom yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits, adres: Kleinzand 16, 8601 BH Snits.
Programma
- 13:30 Untfangst mei kofje/tee en wat derby
- Ferhaal fan âldskipper Pier Sijbranda oer Snitser dongskippers yn de earste helte fan
foarige iuw en de skippen fan syn famylje dy’t “ûnderdûke” yn 2e WO - Skoft
- Wat hat it Skipfeartmuseum yn ‘e hûs? Is der foar genealogen ek wat te finen en wat is
troch Sietze ten Hoeve oan it museum neilitten? - Rûnlieding yn lytse groepkes troch it museum.
- +/- 15:30 ein
De tagong is fergees mar wol graach eefkes berjocht oan de skriuwer as jo fan doel binne om te kommen:
Seizoen 2025-2026
De oare aktiviteiten fan it seizoen 2025-2026:
- Sneon 25 oktober 2025: Lêzing fan Klaas Abma oer ‘Voorlanden, boerderijen en landerijen van mijn voorouders 1700-2000';
- Sneon 29 novimber 2025: Presintaasje fan it 75e Genealogysk Jierboek;
- Sneon 3 jannewaris 2026: Kollegetour n.o.f. it boek ‘En toch willen we liever hier blijven’ fan Tjitte de Vries;
- Sneon 31 jannewaris 2026: Lêzing fan Martha van der Zwaag oer de famylje Pilat;
- Sneon 7 maart 2026: Mienskiplike gearkomste fan de NGV en de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy, mei in lêzing fan Jan Auke Walburg oer 'Friezen op zee. De Gouden eeuw van de koopvaardij in Friese steden en dorpen’
- Sneon 4 april 2026: Lêzing fan Siem van der Woude oer (in) rjochtsa(a)ken út it Hof fan Fryslân.
Mear ynformaasje folget.