Skip to main content Skip to page footer

Iepening 'Redbad: de legendaryske kening', Fries Museum, Ljouwert

Ea, yn in fier, fier ferline, hearske der oer it grutte Frisia in legindaryske kening. Redbad wie syn namme, de grutste kening dy't dizze streken oait kend hawwe. Mear as tûzen jier nei syn dea leare wy de machtige Noardseekening einlings echt kennen. It Fries Museum yn Ljouwert makket him op foar in epyske tentoanstelling. Yn 'REDBAD: de legindaryske kening' komt it Frisia fan de 7e en 8e iuw, in Noardseegebiet dat him útstuts fan de Nederlânske oant de Noard-Dútske kust en it Utertske rivieregebiet, as nea earder ta libben....

Oer projekt REDBAD

It Europeeske subsydzjeprogramma ‘Interreg VI Deutschland-Nederland’ hat twa miljoen euro frijmakke foar de realisaasje fan it tentoanstellingsprojekt REDBAD. Yn grutskalige útstallings yn Ljouwert en Emden (Dútslân), edukaasjeprogramma’s yn beide lannen, in wittenskiplike publikaasje, in publyksboek en in role playing game ‘Mythwatch: The Age of Redbad, stiet de midsiuwske Fryske kening Redbad sintraal. Mei-finansiers binne de provinsjes Fryslân en Grinslân en de Niedersächsische Staatskanzlei.

De Fryske Akademy koördinearret de wittenskiplike bondel, dy't útbrocht wurde sil by Brepols Publishers. Oare partners yn it REDBAD-projekt binne, neist it Fries Museum, ek Ostfriesisches Landesmuseum Emden, Ostfriesische Landschaft, Learning Hub Friesland, Onderwijsinstelling Firda, Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung, Stichting Mythemakers en Rijksuniversiteit Groningen.

De tentoanstelling 'REDBAD: de legindaryske kening' yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt in fisueel spektakel. It grutte publyk is wolkom fan sneon 5 septimber ôf. Sjoch op de website fan it Fries Museum foar mear ynformaasje. De tentoanstelling is te sjen oant en mei 7 febrewaris 2027, dêrnei reizget it troch nei it Ostfriesisches Landesmuseum Emden.