Lânboukundich Wurkferbân: Lêzing Mark Raat "De historie van het Fries Veenweidegebied"
Freed 20 febrewaris 2025 "De historie van het Fries Veenweidegebied"
Mark raat, promovendus by de Fryske Akademy, fertelt oer syn promoasjeûndersyk nei de histoaryske beslútfoarming oer it Fryske Feangreidegebiet (sa. 1600 -1970)
De takomst fan it Lege Midden is in aktueel tema. Fryske oerheden besleaten yn 2021 ta ferheging fan it wetterpeil. Dat beslút brekt mei it ferline, omdat Friezen iuwenlang wurken oan ynpoldering fan feanlân en it drûchhâlden fan lân. Mark Raat dûkte yn de skiednis fan politike beslútfoarming oer it Feangreidegebiet. Hy set de útdagings fan it gebiet yn in histoaryske kontekst del: wat kinne wy leare fan it ferline?
Nei de lêzing van Mark Raat sil Geart Benedictus, lânboufertsjintwurdiger by Bestjoerlik Oerlis Feangreide syn ynsichten jaan op it tema.
Ynrin 13:30, start om 14:00 yn it Fries Landbouwmuseum te Ljouwert.