Presintaasje Jelske Dijkstra, NPLD Annual Conference, Stockholm (SE)
De organisaasje hat Dijkstra útnûge fanwegen de ekspertize fan it Mercator Europeesk Kennissintrum en de jierrenlange belutsenens fan Fryslân by it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.
Dijkstra is frege om har fisy te jaan op de wize wêrop’t lytsere talen funksjonearje kinne binnen sterke wetlike en ynstitúsjonele ramten. Fansels kin hja dêrby gebrûk meitsje fan de ûnderfiningen fan it Frysk yn it ramt fan it Europeesk Hânfêst yn Nederlân.
De jierlikse konferinsje fan it NPLD is dit jier op 8 maaie yn Stockholm, mei as oerkoepljend tema '25 years of the European Charter in Sweden: achievements, gaps and future directions in Sweden and beyond'.
Oer it NPLD
It NPLD is in Europeesk netwurk dat him dwaande hâldt mei taalbelied en -planning foar konstitúsjonele, regionale en lytse talen yn hiel Europa. By de leden fan it NPLD hearre sawol nasjonale as regionale oerheden, universiteiten en ferienings.
Het Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, is al jierrenlang assosjearre lid (associate member) fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD). Mercator is lid fan de stjoergroep fan it NPLD.
Yn 2023 waard Mercator ek frege om ta te treden oan it NPLD University Network (UniNet), in netwurk fan universiteiten en ûndersyksynstellings dy’t aktyf binne op it mêd fan nasjonale minderheden, meartaligens, minderheidstalen, taalrjochten, taalbelied en taalûnderwiis.