Skip to main content Skip to page footer

F.l.n.r. Eppie Dam, Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, Ammerins Moss-de Boer. Foto: Marieke Balk

Eppie Dam en Ammerins Moss-de Boer beneamd ta lid

De Fryske Akademy hat twa nije leden beneamd: skriuwer en dichter Eppie Dam en tolk-oersetter Ammerins Moss-de Boer.

De Fryske Akademy yn Ljouwert hat op de jierlikse Akademydei twa nije leden beneamd: skriuwer en dichter Eppie Dam en tolk-oersetter Ammerins Moss-de Boer. De leden binne beneamd op grûn fan harren bysûndere bydrage op it mêd fan de wittenskip of de maatskippij oangeande de Fryske taal en kultuer. 

De twa nije leden binne:

Eppie Dam (71, wenjend te Sleat, berne te Kollumerpomp)

Ut de laudaasje troch ds. Liuwe Westra:

“Eppie Dam hat foar, tidens en nei syn wurksum libben as skoalmaster, earst op Urk, doe yn Balk, ûnbidich bydroegen ta de Fryske literatuer. Hy publisearre in stik as 20 dichtbondels en ien dêrfan waard yn 2017 bekroane mei de Gysbert Japicx-priis, Fallend ljocht. Njonken dy dichtbondels skreau Dam ek in tal berneboeken, yn ’e selde oarder fan grutte. En dan binne der noch tsientallen lieten, oratoaria, liturgyen en kantates dêr’t Eppie Dam de tekst foar levere hat en dy’t minsken it gefoel jûn hawwe, dat dêryn har djipste libbensoertsjûging oansprekkend ferwurde is. Minsken teksten oanrikke dy’t har reitsje foarby libben en dea – in gruttere bekroaning is der net.”

 

Ammerins Moss-de Boer (50, wenjend te Bitgummole, berne te Dokkum)

Ut de laudaasje troch ds. Liuwe Westra:

“Ammerins Moss-de Boer is net allinnich beëdige tolk-oersetter fan it Ingelsk nei it Nederlânsk, mar sûnt 2021 ek fan it Ingelsk nei it Frysk en oarsom. Se is ien fan ’e driuwende krêften efter de beweging om in bettere regeling te krijen foar de Fryske tolken by de rjochtbank. As sekretaris fan It Skriuwersbûn fertsjintwurdiget Ammerins Moss ek de kollektive stim fan alle Frysktaligen: de stim fan ’e literatuer. (...) Hja is ien, dy’t de Fryske minske de kâns jout om him- of harsels hearre te litten mei it eigen lûd, just op mominten dat it derop oankomt, en hja stimulearret de Fryske mienskip om mei in eigen lûd mei te dwaan yn ’e wrâld.”