'Us Bretonske freonen' en 'Wêr bliuwe de froulju': twa útjeften yn Literêre Rige
De Redaksje Literêre Rigen fersoarget sûnt 1938 útjeften fan en oer Midfryske teksten, njoggentjinde-iuwske teksten, tweintichste-iuwske teksten en bio- en bibliografyske skriften. Utjeften 1147 en 1148 binne de nije boeken fan Blom en Spoelstra. Beide boeken binne útjûn troch de Afûk.
Blom
Yn juny 1948 publisearre it doedestiids pas oprjochte Fryske literêre tydskrift De Tsjerne in spesjaal temanûmer dat alhiel wijd wie oan de Keltysktalige Bretonske minderheid yn Frankryk. Yn de goed tsien jier dy’t folgen waard Bretagne, mei syn taal en literatuer, sels ta in geregeld weromkommend tema yn De Tsjerne en oare Frysktalige tydskriften. Boppedat brocht op syn bar it toanoanjaande Bretonske tydskrift Al Liamm yn 1951 in soartgelyk temanûmer út, diskear alhiel wijd oan Fryslân, mei bydragen fan de wichtichste figueren yn de Fryske beweging fan dy tiid.
Ek Al Liamm bleau de kulturele ûntwikkelingen yn Fryslân folgjen oant fier yn de jierren sechstich. Hoe is dizze kultureel fruchtbere mar fierhinne fergetten útwikseling ta stân kommen, en mei hokker doel? Wa wiene de sintrale Bretonse en Fryske figueren yn dizze poging om fuort nei de Twadde Wrâldoarloch taalminderheden yn Europa tichter byinoar te bringen?
De kulturele en politike kontekst fan it nei-oarlochske Europeeske federalisme, it problematyske oarlochsferline fan de beide bewegingen, en de persoanlike netwurken dy't de eftergrûn foarmen fan dy Bretonske en Fryske útwikseling binne de sintrale kwestjes dy't yn dit boek op it aljemint komme. Neist de ûnderskate tydskrift- en krante-artikels yn sawol it Bretonsk as it Frysk, mar ek yn it Frânsk en Nederlânsk, sil de oant no ta net publisearre briefwiksel tusken de wichtichste figueren yn dizze Frysk-Bretonske útwikseling sintraal stean, mei útstapkes nei Ierlân, Wales, Noard-Fryslân en Italië.
Blom is heechlearaar Keltology oan de Philipps-Universität Marburg yn Dútslân en wie yn it ramt fan dit ûndersyk gastûndersiker by de Fryske Akademy.
Alderik Blom, "Hor c’heneiled vreizhat / Us Bretonske freonen: Betrekkingen tussen de Friese en Bretonse beweging ca. 1946–1958". Afûk, Ljouwert 2025. Rige Minsken en Boeken, Rige bio- en bibliografyske skriften, nûmer 29. In rige bio- en bibliografyske skriften fan de Fryske Akademy, ûnder redaksje fan: Marijke de Boer, Piter Boersma, André Looijenga, Meindert Reitsma en Janneke Spoelstra. FA-nûmer: 1147.
Spoelstra
Wat it is, of wêze kin, om jin te bejaan yn ’e Fryske literatuer, en dan spesifyk foar froulju, dêr giet dit boek oer. Wêr komt de ynspiraasje wei? Wat binne de hindernissen? Binne de kânsen foar elkenien like grut? Hoe sit it mei de genderbalâns yn ’e Fryske poëzy? Hoe sjocht de Fryske literêre ljedder derút? Skriuwe manlju mear as froulju? Publisearje froulju minder gau? Wêrom is de Gysbert Japicxpriis foar poëzy sûnt 1986 noch net ienkear wer nei in frou gien? Hoe sjogge de ynterviewde froulju nei dizze saken?
Dit boek is in update fan Jelma Sytske Knol har boek, ‘út syn aerd wei froulik’, de Fryske dichteressen en it misferstân (1993), mar hat syn eigen oanpak en útwurking. Om in byld te sketsen fan hoe’t it fierder gien is mei de froulju yn ’e Fryske literatuer, en dan benammen yn de Fryske poëzy, ynterviewde Janneke Spoelstra tsien fan harren, kollega-dichters, want se dichtet sels ek. Spoelstra skreau ek in ynlieding by de ynterviews en skôge de antwurden.
Fan novimber 2022 oant en mei jannewaris 2024 hie Spoelstra ynterviews mei Aggie van der Meer, Ytje Hoekstra, Albertina Soepboer, Margryt Poortstra, Tine Bethlehem, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Grytsje Schaaf, Lida Dykstra en Janna van der Meer.
‘Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023)’, gearstald troch Janneke Spoelstra. Afûk, Ljouwert 2025. Rige Minsken en boeken nû. 30. In rige bio- en bibliografyske skriften fan de Fryske Akademy, ûnder redaksje fan: Marijke de Boer, Piter Boersma, André Looijenga, Meindert Reitsma en Janneke Spoelstra. FA-nûmer: 1148.