Skip to main content Skip to page footer

Redaksje Literêre Rigen

De Redaksje Literêre Rigen fersoarget útjeften yn de neikommende Literêre Rigen fan de Fryske Akademy:

  • Magnus Rige, foar Midfryske teksten
  • Iduna Rige, foar njoggentjinde-iuwske teksten
  • Holder Rige, foar tweintichste-iuwske teksten
  • Minsken en Boeken, Rige bio- en bibliografyske skriften

 

Redaksje

Foarsitter: Piter Boersma (e-mail)
Skriuwer: Janneke Spoelstra (e-mail)
Ernst Bruinsma (Afûk)
André Looijenga (Fryske Akademy/ Universiteit van Amsterdam)
Meindert Reitsma (Tresoar)


Resinte letterkundige aktiviteiten

  • De ferhalesyklus De Winskhoed fan Fortunatus fan Waling Dykstra (1821-1914) is yn 2023 foar it earst yn boekfoarm útbrocht. Abe de Vries, gastûndersiker by de Fryske Akademy, brocht de ferhalen yn in justjes modernisearre Fryske stavering byinoar en fersoarge ek de oersetting nei it Nederlânsk en in ynlieding op it wurk. It boek is it trettjinde boek yn de literêre Iduna Rige fan de Fryske Akademy (Akademy-nûmer 1140) en is útjûn troch útjouwerij DeRyp.
     
  • Op Rôze Sneon, 16 oktober 2021, is presintearre, by Tresoar, de twatalige blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’/Jij draagt de liefde aan, Literatuer fan Fryslân troch in rôze bril/Literatuur van Friesland door een roze bril. It boek is op inisjatyf fan Tresoar ta stân kommen en jout in oersjoch fan lhbty+-literatuer yn Fryslân. De Afûk hat it útjûn. It boek is opnommen yn ‘e Literêre Rigen fan ‘e Fryske Akademy, Rige Minsken en Boeken, nû. 28.
     
  • Freedtemiddei 10 septimber is op de Akademydei yn it WTC yn Ljouwert de blomlêzing út it wurk fan Jouwert Jouwertsma (1857-1889) presintearre: Lang haw 'k net nei skoalle west. De samling proaza en poëzij is besoarge en ynlaat troch Rients Aise Faber. It boek is útkommen yn 'e Iduna-rige, rige njoggentjinde-iuwske teksten fan de Fryske Akademy. It earste eksimplaar is oanbean oan direkteur-bestjoerder Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm.
     
  • Yn ’e Iduna-rige, rige fan njoggentjinde-iuwske teksten fan de Fryske Akademy, kaam in blomlêzing út fan de ferhalen fan Waling Dykstra, Folksskriuwer (2020). Proaza, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries. Sjoch hjir foar in ferslach fan 'e oanbieding.


Op dizze pagina fine jo in oersjoch fan alle titels yn de Literêre Rigen.