Skip to main content Skip to page footer

Ynternasjonale Frouljusdei: 'Wêr bliuwe de froulju yn de Fryske literatuer?'

Yn it ramt fan Ynternasjonale Frouljusdei op snein 8 maart sette we graach ús kollega Janneke Spoelstra nochris yn it sintsje, dy't yn novimber 2025 har boek presintearre: 'Wêr bliuwe de froulju - ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023)'. Dêrfoar prate se mei tsien froulike dichters oer de Fryske literatuer. Sels dichtet Spoelstra ek. Foar de winteredysje fan ús ledeblêd Ut de Smidte lei de redaksje har trije fan har eigen fragen foar.

Dichters Aggie van der Meer, Albertina Soepboer, Margryt Poortstra, Tine Bethlehem, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Grytsje Schaaf, Lida Dykstra, Janna van der Meer
en Ytje Hoekstra stean sintraal yn it boek fan Spoelstra. Sels hat se trije eigen dichtbondels op har namme stean: Goeie is it wachtwurd (2004), Langst fan ‘e dagen (2011) en Wij yn ’e draaimûne (2019). Dêrneist skriuwt se ek proaza. 

Hoe bist sels ta Frysk skriuwen kaam?

“Yn myn ynterviewbondel haw ik de dichters frege hoe’t se it Frysk skriuwen leard hawwe, en hoe’t se de Fryske literatuer ynrûgele binne. Wat mysels oanbelanget haw ik it lêzen en skriuwen leard yn it Frysk, mei’t de skoalle yn Hijum in twatalige skoalle wie. De earste twa klassen wie alles yn it Frysk, yn ’e tredde klasse kaam it Nederlânsk derby. Nei publikaasjes yn kuorbalkrantsje De Goocheme Goaijer, op de Skriuwerskalinder en yn tydskrift Frysk en Frij, nei Afûk-kursussen en skriuwkursussen yn it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en optredens mei de groep Los Sân, waard ik yn 2002 redaksjelid fan Frysk literêr tydskrift Hjir.”

Hoe sjochst dertsjinoan dat de Gysbert Japicxpriis folle faker oan in man takend is as oan in frou?
 

“Ik fyn it frappant, it yntrigearret my wol. Yn ’e ynterviews fan it boek sjochst dat der hiel ferskillend op reagearre wurdt, fan ‘logysk’, oant ‘skandalich’. Persoanlik fyn
ik it foaral spitich, omdat it betsjut dat skriuwende, dichtsjende froulju en harren wurk minder omtinken en wurdearring krigen hawwe. Dêrmei komme ferhalen fan froulju yn de Fryske literatuer net goed foar it ljocht. Dat is foar elkenien spitich. It wurket ek troch nei jongere froulju, dy kinne harsels dêrtroch minder goed 
weromfine yn ‘e Fryske literatuer.”
 

Moat der in priis komme foar literêr wurk fan froulju (lykas foar it Nederlânske taalgebiet de eardere Anna Bijns-prijs en no de Opzij-prijs)?
 

“In bettere opsje liket my om de Gysbert Japicxpriis op te dielen, en der wer in jierlikse priis fan te meitsjen, de iene kear foar wurk fan froulju, de oare kear foar wurk fan manlju, eventueel ea ris in aparte edysje foar non-binêr of breder lhbty+-wurk. Ik betocht it doe’t it boek al by de printer lei. Dat sille je altyd sjen dat je dan noch de bêste ideeën krije. Mar ik soe sizze, besykje it ris tsien jier. Dan komt der in bettere ôfspegeling fan de Fryske literatuer, fan ‘e Fryske wrâld nei foaren. Dan krijst in oare dynamyk.” 


Is der al nij dichtwurk fan dy kommendewei?
 

“Jawis. Yn 2026 wol ik oan ‘e slach mei it gearstallen fan myn fjirde dichtbondel.”

 

Te keap

Janneke Spoelstra's Wêr bliuwe de froulju? - Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023) is foar €22,50 te keap of te bestellen by alle boekhannels.

Ut de Smidte 

Ut de Smidte is it Frysktalige blêd foar stipers en leden fan 'e Fryske Akademy. It blêd ferskynt yn 'e regel twa kear jiers en jout ynformaasje oer ûndersyk, publikaasjes en publyksaktiviteiten fan ús ynstitút. Jo binne al stiper foar €25,- yn it jier.