Historicus Jorris Kingma wint de Scriptieprijs van de Fryske Akademy voor de periode 2024–2026. Een speciale vermelding voor taalkundige Louw Biesma
(copy 6)
[Translate to Nederlands:]
Fanôf de earste bewenning fan it kustgebiet, rûn 600 f. Kr., liket der lange tiid in soarte fan balâns west te hawwen tusken natuerlike en kulturele prosessen. Mar nei ferrin fan tiid, fanôf likernôch de 11e iuw n. Kr., krije lêstneamde hieltyd mear de oerhân en wurdt de lânskiplike dynamyk benammen troch de minsk bepaald. Dat klinkt miskien as in moai foarbyld fan minsklike kontrôle oer de fysike omjouwing, mar yn ’e praktyk soarge dit foar tanimmende kwetsberheid, bygelyks troch gruttere risiko’s op oerstreamings en problemen mei de ôfwettering. Dit makke dat de dominante ynfloed fan de minsk allinnich hanthavene wurde koe troch konstante yngrepen yn de fysike omjouwing. Dit hat fan grutte ynfloed west op hoe’t it lânskip him yn de iuwen dêrop ûntwikkele hat. Sa besjoen soest tink ik sels sizze kinne, al is it miskien net hielendal wittenskiplik ferantwurde, dat de basis fan guon útdagings wêr’t wy tsjintwurdich mei konfrontearre wurde, lykas de gefolgen fan seespegelstiging, fersilting, en boaiemdaling, al yn dizze perioade lein waard.”
Wêr komt dyn fassinaasje foar de skiednis fan Fryslân wei?
“Ik kom fan ’e klaai, fan Rie, út it noardwesten fan Fryslân, en ik woe graach skriuwe oer de streek dêr’t ik opgroeid bin. Us heit koe altiten al fan alles fertelle oer it gebiet en syn bewenners, en ús mem hat in hiel rike fantasij, dêrtroch ûntstienen de ferhalen foar my as jonkje as fansels. Ik bin lykwols net fuortendaliks skiednis studearjen gien. Pas yn ’e koroanajierren, doe’t alles ta stilstân kaam, ûntstie der romte om te mimerjen oer saken as skiednis, lânskip en klimaat. Yn 2020 hiene wy in prachtich foarjier. Ik haw doe in soad tiid trochbrocht op ’e seedyk en de kwelders bûtendyks, en kuiere en fytst troch it lânskip, dat hâldfêst bea yn ’e ûnwissigens en gaos fan dy tiid.
Yn dizze perioade kaam ik der achter dat der soks bestiet as miljeuskiednis, in relatyf jonge dissipline binnen de skiedskriuwing dy’t him ûnder mear dwaande hâldt mei de evolúsje fan de ynfloed fan de minsk op syn omjouwing en vice versa. Dat spruts my bot oan, en sa bin ik my talizzen gien op de relaasje tusken minsk en lânskip yn it Noard-Nederlânske kustgebiet en wat foar lessen wy hjir, mei it each op de klimaatkrisis dêr’t wy ús yn befine en wêrfan’t wy de gefolgen dizze simmer mar al te dúdlik sjoen hawwe, út lûke kinne.”
Wat binne dyn plannen of dreamen foar dyn fierdere karriêre?
“Ik soe yn ’e takomst hiel graach promoasjeûndersyk dwaan wolle nei de skiednis fan it Waadseegebiet, en dy net allinnich beskriuwe fanút it perspektyf fan de minsk, mar yn gearhing mei har natuerlike en ekologyske diminsje. Hjirmei set ik my ôf tsjin it idee dat natuer en kultuer twa ferskillende entiteiten binne dy’t ûnôfhinklik fan inoar bestean. Yn it gefal fan it Waadseegebiet giet dit nammentlik foarby oan it feit dat it it produkt is fan in millennialange wikselwurking fan minsklike aktiviteiten en natuerlike prosessen. Dit soarget foar útdagings foar it behâld en behear fan natuerlik en kultureel erfguod, en ek by de beskerming fan de ekologyske wearden fan de Waadsee komme natuer en kultuer sa gauris tsjinoer inoar te stean – tink bygelyks oan it ôfslúten fan de kwelders by Wierum earder dit jier.
Yn stee dêrfan wol ik it Waadseegebiet bestudearje as in lânskip wêryn’t kultuer en natuer nau mei-inoar gearhingje en beide in fûnemintele rol spile hawwe yn ’e ûntwikkeling derfan. Hjirby wol ik besykje perspektiven út ferskate dissiplines te yntegrearjen yn in natuerynklusive oanpak op basis wêrfan wy de histoaryske dynamyk tusken de kulturele en natuerlike wearden fan it Waadseegebiet better begripe kinne. Oars sein, it liket my in moaie útdaging om ús besteande byld fan it Waadseegebiet hielendal ôf te brekken en opnij op te bouwen, mei in better begryp fan de dynamyk tusken minsk en lânskip troch de iuwen hinne en har kontinuïteit mei hjoeddeistige lânskiplike ûntwikkelingen en útdagings.”
Lês hjir de folsleine masterskripsje fan Jorris Kingma
Earfolle fermellding foar Louw Biesma
De sjuery kende in earfolle fermelding ta oan Louw Biesma (De Pein). Foar de oplieding Taalwittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins folge er it masterprogramma Theoretical and Emperical Linguistics. Hy skreau de skripsje ‘A control approach to the imperativus pro infinitivo construction in West Frisian’. Biesma is ôfstudearre yn 2026.