Eksterne beoardieling
De Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) hâldt it wittenskiplik tafersjoch oer de Fryske Akademy. Yn dat ramt wurdt ien kear yn 'e seis jier yn opdracht fan 'e KNAW in ûndersyksevaluaasje fan it ynstitút útfierd. In eksterne fisitaasjekommisje jout dan in ûnôfhinklik en saakkundich oardiel oer de wittenskiplike prestaasjes fan 'e Fryske Akademy oer de ôfrûne jierren.
Evaluaasje 2020-2023 (2024)
Op 4 juny 2024 kaam in eksterne, ûnôfhinklike fisitaasjekommisje del om insaakkundich oardiel te foarmjen oer de wittenskiplike prestaasjes fan de Fryske Akademy. Dizze besite wie opskood yn de tiid, fanwege de reorganisaasje dy't de Fryske Akademy trochmakke hat yn de perioade 2018 -2020.
As tarieding op de fisitaasje hie in wurkgroep fan de Fryske Akademy in wiidweidige selsevaluaasje skreaun. Nei in dei fan ynterviews mei ûndersikers en belanghawwenden út binnen- en bûtenlân hat de kommisje in goede yndruk krigen fan ús organisaasje.
- Fryske Akademy Self-Evaluation Report 2020-2023
- Research Review Fryske Akademy 2020-2023
- Position Document Supervisory Board Fryske Akademy
Evaluaasje 2009-2014 (2015)
De foarlêste fisitaasje wie yn novimber 2015. Hjirûnder is alle dokumintaasje werom te finen.
- Fisitaasjerapport Fryske Akademy (2015) troch evaluaasjekommisje ûnder foarsitterskip fan prof.dr. Geert Booij
- Selsevaluaasjerapport fan 'e Fryske Akademy oangeande de perioade 2009-2014
- Stânpunt KNAW-bestjoer oangeande de evaluaasje fan 'e Fryske Akademy (12 febrewaris 2016)
- Reaksje Fryske Akademy (31 jannewaris 2016)
- Reaksje Rie fan Tafersjoch en Wittenskipskommisje Fryske Akademy (31 jannewaris 2016)
- Reaksje Provinsje Fryslân (26 jannewaris 2016)
- Reaksje Maatskiplike Advysrie Fryske Akademy (29 jannewaris 2016)