Skip to main content Skip to page footer

Hoekstra, dr. E. (Eric)

Spesjalismen

Twataligens, histoaryske syntaksis, frekwinsje en analogy, oersettingen, literatuer, talen yn kontakt.

 

Biografy

Taalkundich ûndersiker Eric Hoekstra (It Hearrenfean, 1960) studearre Algemiene Taalwittenskip yn Grins, dêr’t er yn 1991 promovearre. By it Meertens Instituut hat er as syntaktikus tusken 1992 en 1999 ûndersyk dien nei de ferskillen tusken de dialekten fan Grinslân, Drinte en Noard-Hollân. Dêrnei is der yn tsjinst kommen fan ’e Fryske Akademy, dêr’t er syn ûndersyksmêd stadichoan ferlein hat nei de relaasje tusken frekwinsje en analogy, en de fraach hoe’t grammatikale ynteraksjes yn it twatalige brein plakfine.

Hoekstra hat in lange rige taalkundige publikaasjes op syn namme stean. Sa publisearre er oer de Fryske grammatika, Fryske ynfloeden yn Hollânske dialekten, oer histoaryske syntaksis, taalpolityk en taalferoaring. Hy is mei-organisator fan de Dei fan de Fryske Taalkunde en fan de Dei fan de Fryske Letterkunde. Dêrneist hat Eric Hoekstra in Fryske oersetting fan ’e Bhagavad Gita en fan Also sprach Zarathustra fan Friedrich Nietzsche makke, in poëtyske bewurking fan de Tao Te Ching fan Lao Tse en in blomlêzing gearstald en oerset fan Fryske literatuer út ’e 17e iuw (Midfrysk Goud).

Hoekstra beskôget himsels as geasteswittenskipper yn de brede sin fan it wurd.