Skip to main content Skip to page footer

Dei fan de Fryske Taalkunde 2026

Freed 11 desimber 2026

Dei fan de Fryske Taalkunde 2026

Freed 11 desimber 2026

De Fryske Akademy organisearret op freed 11 desimber 2026 de 14e Dei fan de Fryske Taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy't direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk. Wy ferwolkomje foarstellen dy't har rjochtsje op it Frysk fanút alle ferskate hoeken fan de taalkunde. Te tinken falt oan: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikografy, sosjolinguistyk, psycholinguistyk, histoaryske taalkunde. 

Fan studint ta heechlearaar: elkenien is wolkom as sprekker op de Taalkundedei. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. 

Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar de lêzing, 10 minuten foar fragen). Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy't hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.

Stjoer – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst foar 15 oktober – in gearfetting fan in heale A4, mei namme en affiliaasje, fia e-mail nei de organisaasje fan de Taalkundedei.


Dag van de Friese Taalkunde

De Fryske Akademy organiseert op vrijdag 11 december de 14e Dag van de Friese Taalkunde. De dag is bedoeld voor iedereen die direct of indirect bezig is met de taalkunde van het Fries. 

We verwelkomen voorstellen die zich richten op het Fries vanuit alle verschillende hoeken van de taalkunde. Te denken valt aan: grammatica, fonetiek/fonologie, naamkunde, lexicografie, sociolinguïstiek, psycholinguïstiek, historische taalkunde.   Van student tot hoogleraar: iedereen is welkom als spreker. In de lezing kan over wetenschappelijk onderzoek worden gerapporteerd, maar presentaties van onderzoeksplannen, speculaties of van taaldatabanken zijn ook welkom. Voor elke lezing staat een half uur (20 minuten voor de lezing, 10 minuten voor vragen). Lezingen mogen worden gehouden in alle talen die behoren tot de West-Germaanse taalfamilie.   Stuur - liefst zo snel mogelijk, maar uiterlijk voor 15 oktober - een samenvatting van een halve A4, met naam en affiliatie, per e-mail

Conference on Frisian Linguistics

The Frisian Academy (Fryske Akademy) organises its linguistics meeting on 11 December this year. The fourteenth Conference on Frisian Linguistics will be of interest to anyone who actively or passively participates in Frisian linguistics.

We welcome proposals that examine the Frisian language from all different perspectives within linguistics. Examples include grammar, phonetics/phonology, onomastics, lexicology, sociolinguistics, historical linguistics. From student to professor: everyone is welcome to participate as a speaker. Papers may focus on the results of scientific research, but presentations of research plans, of speculations or of linguistic corpora are also welcome. The time allotted for a paper is 30 minutes (20 minutes talk, 10 minutes discussion). They may be presented in any of the West-Germanic languages.  Please send an abstract, with your name and affiliation – as soon as possible, but no later than October 15 – of half A4 by e-mail.