Frysk Diktee
Grut Frysk Diktee & Lyts Frysk Diktee
Kennisgebiet: Taal en meartaligens
Tema: Taaldeskripsje en standerdisearring
Rintiid: jierliks evenemint
Koördinaasje Fryske Akademy: Hindrik Sijens
Partners: Omrop Fryslân (NL), Afûk (NL), Taalsintrum Frysk/Cedin (NL), Provinsje Fryslân (NL)
Finansiering:
Meer ynformaasje: Projektwebsite
Projektomskriuwing
Gnyskje, nútsjesmoar, twirrewyn, skroarjûn, noaskje en krûpelhintsje. Samar in pear wurden dy't foarkomme kinne yn it Grut Frysk Diktee. Yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân, Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin) en de Provinsje Fryslân organisearret de Fryske Akademy alle jierren it Grut Frysk Diktee yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. De tekst wurdt skreaun troch in Fryske pommerant, it evenemint wurdt presintearre en útstjoerd troch Omrop Fryslân.
Foar bern organisearje de Fryske Akademy, Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin) en de Provinsje Fryslân yn de maitiid It Lyts Frysk Diktee. De kwalifikaasje hjirfoar rint fia de skoallen sels. By de lêste edysje diene 50 learlingen fan 30 Fryske basisskoallen mei oan de finale fan It Lyts Frysk Diktee yn de Steateseal fan it Provinsjehûs.
Dikteeteksten
- It Grut Frysk Diktee 2023, skreaun troch Iris Kroes
- It Grut Frysk Diktee 2022, skreaun troch Habtamu de Hoop
- It Grut Frysk Diktee 2018, spesjale iepenloftedysje op it Aldehoustertsjerhôf yn it ramt fan Leeuwarden Kulturele Haadsted, skreaun troch Welmoed Sijtsma
- It Grut Frysk Diktee 2016, skreaun troch Sietse de Vries
- It Grut Frysk Diktee 2015, skreaun troch Ferdinand de Jong
- It Grut Frysk Diktee 2014, skreaun troch Karen Bies
- Eardere edysjes (wikipedy)
Utstjoering
Sjoch foar it nijs oer en de útstjoerings fan It Grut Frysk Diktee by Omrop Fryslân.