Akademydei 2025
Yn BOEL (foarhinne Zalen Schaaf) yn Ljouwert waard de Akademydei tradisjoneel iepene troch prof.dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder Fryske Akademy. Jantine van der West, meiwurker Citizen Science en Kennisbenutting fertelde oer ‘Citizen Science en wurkmienskip’. Martine Jansen, ûndersyksmeiwurker by it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, dat ûnderdiel is fan de Fryske Akademy, fertelde oer it ynternasjonale projekt ‘Read with Multilingual Early Education’. Martijn Kingma, promovendus Taalwittenskip, hie in lytse kwis oer ‘Perseptuele dialektology: Fryske aksinten op ’e kaart'.
Tuskentroch wiene mini-kolleezjes op fideo te sjen mei Han Nijdam (‘Wat wie de rol fan de frou yn it Aldfryske rjocht’), Anne Merkuur (‘Feroaret it Frysk stadichoan yn it Nederlânsk?’), en Nelleke IJssennagger-van der Pluijm ( ‘Sprutsen de fikingen ek Frysk?’). Fansels waarden ek nije leden beneamd. Liuwe Westra spruts de laudaasjes út foar Syds Wiersma en Piter Tjeerdsma.
De foto's binne makke troch Marieke Balk.
Akademydei 2025 - fotografy troch Marieke Balk
Tusken de iuwenâlde beammen en gebouwen, yn de histoaryske binnentún fan it Coulonhûs yn Ljouwert, hat de Fryske Akademy op freed 13 septimber 2024 it 85ste jubileumjier feestlik ôfsletten. Mei gasten as Kommissaris fan de Kening Arno Brok, boargemaster fan Ljouwert Sybrand Buma en dichter fan Fryslân Arjen Hut, mei de beneaming fan de leden Eppie Dam en Ammerins Moss-de Boer, mei de útrikking fan de skripsjepriis oan Sannah Debreczeni (en in earfolle fermelding foar Herman van Vliet), mei in lêzing fan Henk Wolf, en mei muzyk fan Hot & Toasty, kinne we weromsjen op in goed slagge dei. De foto's binne makke troch Marieke Balk.
Fotoreportaazje 2024 >>>