Lânboukundich Wurkferbân
It Lânboukundich Wurkferbân organisearret geregeldwei gearkomsten, meastentiids yn it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert (Goutum), en ekskurzjes oer agronomyske saken fan hjoed-de-dei en fan eartiids. It doel fan dizze aktiviteiten is it dielen fan (wittenskiplike) kennis mei in breed publyk.
Yn 'e twadde helte fan 'e 20ste iuw is der yn 'e lânbou in protte feroare. It tal minsken dat yn 'e lânbou syn brea fertsjinnet, is tebekrûn. Doch nimt de lânbou hjoed-de-dei noch hieltyd in wichtich plak yn op it mêd fan 'e wurkgelegenheid yn Fryslân. De lânbou wurdt ek jimmer mear belutsen by saken as romtlike oardering, miljeu, natoer, lânskip en toerisme. By saken lykas biotechnology en genetyske modifikaasje komt de etyk op 't aljemint. Al dy ûnderwerpen komme oan 'e oarder yn 'e gearkomsten fan it Lânboukundich Wurkferbân.
Oprjochtingsjier
1941
Bestjoer en kontakt
Foarsitter: Truus Steenbruggen (e-mail)
Skriuwer: Frans Ettema
Bestjoersleden: Jacob Heida, Reinder Schaap, Goffe Jensma, Nynke Dijkstra
Ekskurzje nei Veen Innovatie Polder Hegewarren
Sneon 30 maaie 2026
Gean op 'e fyts mei op ekskurzje troch it Fryske feangreidegebiet! Op sneon 30 maaie hat it Lânboukundich Wurkferbân, yn 'e mande mei de Friese Milieu Federatie, in besite organisearre oan de Veen Innovatie Polder Hegewarren yn Aldegea (Sm.) en jo binne fan herte útnûge! De Stichting VIP-Hegewarren beheart twa bedriuwssystemen yn de polder: in natuermelkfeebedriuw en in feanwetterbedriuw. De bedriuwen fasilitearje ûndersyk en ynnovaasje troch projekten dy't harren rjochtsje op fraachstikken yn it feangreidegebiet. En dêr wolle se jo graach alles oer fertelle.
Tiid: 13:00-15:00 oere
Lokaasje: Hegewarren 15, Oudega/Aldegea (Sm)
Tagong: Fergees as jo in eigen fyts meinimme, in hierfyts kostet €8,-.
Oanmelde kin fia it Frysk Lânboumuseum
Yn 'e media
Geregeldwei komme de gearkomsten of de sprekkers fan it Lânboukundich Wurkferbân yn de media.
- “Veenweide was vroeger een zaak van boer en lokale politiek. Nu bemoeit iedereen zich ermee” in ynterview mei Mark Raat yn 'e Leeuwarder Courant. Raat wie promovendus by de Fryske Akademy en praat yn it artikel oer syn ûndersyk, nei oanlieding fan syn ferhaal by it Lânboukundich Wurkferbân op 20 febrewaris 2026. Lês hjir it artikel
- Ina Koostra Vogel skreau oer de gearkomste fan 20 febrewaris 2026 in artikel yn De Veldpost: “Lessen trekken uit verleden in besluitvorming Veenweidegebied”. Lês hjir it artikel
- In koart ferslach fan de gearkomste fan 16 jannewaris 2026 mei Frits van der Schans en Kasper van Benthem stiet op de LinkedIn-pagina fan it Frysk Lânboumuseum. Lês hjir it ferslach
- Rob van Lint, foarsitter fan it CTGB hold in ferhaal oer harren wurkwize en de spanning tusken it middelengebrûk en saken as fiedselfeilichheid, fiedselwissens en beskerming fan it miljeu. Ek oanwêzich by it debat wiene Jan Roelsma (Wetterskip Fryslân) en Nicolette Quaedvlieg (GroentenFruit Huis). De Leeuwarder Courant hold in ynterview mei Rob van Lint nei oanlieding fan de gearkomste. Lês hjir it artikel
Aginda
Yn it winterseizoen 2025-2026 organisearret it Wurkferbân in searje debatten
Sneon 30 maaie 2026 “Ekskurzje VIP Hegewarren”
Op sneon 30 maaie hat it Lânboukundich Wurkferbân, yn 'e mande mei de Friese Milieu Federatie, in besite organisearre oan de Veen Innovatie Polder Hegewarren yn Aldegea (Sm.) en jo binne fan herte útnûge! De stichting VIP-Hegewarren beheart twa bedriuwssystemen yn de polder: in natuermelkfeebedriuw en in feanwetterbedriuw. De bedriuwen fasilitearje ûndersyk en ynnovaasje troch projekten dy't harren rjochtsje op fraachstikken yn it feangreidegebiet. En dêr wolle se jo graach alles oer fertelle. Oanmelde kin fia it Landbouwmuseum Friesland.
De ekskurzje op sneon 30 maaie is fan 13:00-15:00. De tagong is fergees as jo in eigen fyts meinimme, in hierfyts kostet €8,-.
De lokaasje is Hegewarren 15, Oudega/Aldegea (Sm). Oanmelde >>
Klik hjir foar it folsleine programma 2025-2026
Earder yn it seizoen
Freed 20 febrewaris 2026 “De historie van het Fries Veenweidegebied”
Mark Raat, promovendus by de Fryske Akademy, fertelde oer syn promoasjeûndersyk nei de histoaryske beslútfoarming oer it Fryske Feangreidegebiet (ca. 1600-1970). Oan it debat die ek Geart Benedictus mei, lânboufertsjintwurdiger yn it Bestjoerlik Oerlis Feangreide.
Freed 16 jannewaris 2026 “Niet alles kan overal, aldus Johan Remkes”
Frits van der Schans, senior adviseur by it Sintrum foar Lânbou en Miljeu (CLM) joech syn fyzje op dit motto, mei klam op wat der wól kin, en wat dit betsjut foar it romtlik gebrûk fan de lânbou yn Noard-Nederlân en Fryslân yn it bysûnder. Ek oanwêzich by it debat wie Kasper van Benthem, molkefeehâlder yn Broek (Joure).
Freed 28 novimber 2025 “Fabels en feiten over gewasbeschermingsmiddelen”
Rob van Lint, foarsitter fan it College voor de Toelating van Gewasbeschermingsmiddelen en Biociden (CTGB), gong yn op harren wurkwize en de spanning tusken it middelengebrûk en saken as fiedselfeilichheid, fiedselwissens en beskerming fan it miljeu. Ek oanwêzich by it debat wiene Jan Roelsma (Wetterskip Fryslân) en Nicolette Quaedvlieg (GroentenFruit Huis)