Lânboukundich Wurkferbân
It Lânboukundich Wurkferbân organisearret geregeldwei gearkomsten, meastentiids yn it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert (Goutum), en ekskurzjes oer agronomyske saken fan hjoed-de-dei en fan eartiids. It doel fan dizze aktiviteiten is it dielen fan (wittenskiplike) kennis mei in breed publyk.
Yn 'e twadde helte fan 'e 20ste iuw is der yn 'e lânbou in protte feroare. It tal minsken dat yn 'e lânbou syn brea fertsjinnet, is tebekrûn. Doch nimt de lânbou hjoed-de-dei noch hieltyd in wichtich plak yn op it mêd fan 'e wurkgelegenheid yn Fryslân. De lânbou wurdt ek jimmer mear belutsen by saken as romtlike oardering, miljeu, natoer, lânskip en toerisme. By saken lykas biotechnology en genetyske modifikaasje komt de etyk op 't aljemint. Al dy ûnderwerpen komme oan 'e oarder yn 'e gearkomsten fan it Lânboukundich Wurkferbân.
Oprjochtingsjier
1941
Bestjoer en kontakt
Foarsitter: Truus Steenbruggen (e-mail)
Skriuwer: Frans Ettema
Bestjoersleden: Jacob Heida, Reinder Schaap, Goffe Jensma, Nynke Dijkstra
Ekskurzje nei Veen Innovatie Polder Hegewarren
Ferslach fan in moaie fytsekskurzje!
Wat smyt it wiet wurde litten fan it fean op yn de praktyk foar klimaat, natuer én in takomstbestindich boerebedriuw? Kinst bourkje op wiet fean en hoe dochst dat? Dy fragen stiene sintraal by in ekskurzje nei de Veen Innovatiepolder Hegewarren, dêr't ôfrûne sneon sa'n 35 dielnimmers op de fyts seagen. De rûnlieding waard organisearre troch it Lânboukundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy en de Fryske Miljeu Federaasje en joech ynsjoch yn ynnovative manieren om it feangreidegebiet takomstbestindich te meitsjen.
Nei in yntroduksje oer de útdagingen yn it feangreidegebiet, lykas boaiemdelgong en de útstjit fan broeikasgassen, en de rol fan Stichting VIP-Hegewarren, waard de groep opsplitst en rûnlaat troch it gebiet. De stichting beheart twa proefbedriuwen: in feen-natuermelkfeebedriuw en in feen-wetterbedriuw, dêr't wurke wurdt oan nije foarmen fan gebrûk fan wiete feangrûnen.
By it melkfeebedriuw fertelde Ids van der Ploeg, manager fan de Stichting, oer it sykjen nei de krekte kombinaasje fan sleatpeilen en ynfiltraasjedrains om it fean sa wiet mooglik te hâlden. Wiet fean is lykwols kwetsber foar fertrapping troch fee. Dêrom wurdt hjir in oanpast beweidingssysteem tapast: kij weidzje alle dagen allinnich de groei fan de ôfrûne dei fuort. Dy oanpak befoarderet de foarming fan in stevige gerssoade en fergruttet dêrmei de draachkrêft fan de boaiem.
By it feen-wetterbedriuw, sa liet Jasper van Belle sjen, wurdt ûnder oare eksperimintearre mei tuorrebout. Oan de râne fan in proeffjild krigen dielnimmers útlis oer it oanlizzen fan in siedbêd (by foarkar troch de boaiem sa min mooglik te fersteuren), oer siedmetoaden, wetterpeilbehear en ek: beskerming tsjin guozzen. Tuorrebout blykt goed te groeien op de eardere fiedselrike lânbougrûn. Alneidat de boaiem itensarmer wurdt, sil reid hieltyd mear terrein winne.
By beide proefbedriuwen stiet net allinnich ekology sintraal, mar ek ekonomyske helberens. Dat is fan grut belang foar de takomstige bedriuwen yn it gebiet, mar ek foar de ynnovaasjepolder sels, dy't foar de helte ôfhinklik is fan subsydzje en de rest út eigen ynkomsten helje moat.
De organisatoaren sjogge werom op in slagge ekskurzje. De dielnimmers krigen folop gelegenheid om fragen te stellen en mei-inoar yn petear te gean. De saakkundigens fan Ids van der Ploeg en Jasper van Belle makken it byld kompleet fan in sektor dy't folop yn beweging is en siket nei nije wizen om natuer en ûndernimmerskip hân yn hân gean te litten.
Yn 'e media
Geregeldwei komme de gearkomsten of de sprekkers fan it Lânboukundich Wurkferbân yn de media.
- “Veenweide was vroeger een zaak van boer en lokale politiek. Nu bemoeit iedereen zich ermee” in ynterview mei Mark Raat yn 'e Leeuwarder Courant. Raat wie promovendus by de Fryske Akademy en praat yn it artikel oer syn ûndersyk, nei oanlieding fan syn ferhaal by it Lânboukundich Wurkferbân op 20 febrewaris 2026. Lês hjir it artikel
- Ina Koostra Vogel skreau oer de gearkomste fan 20 febrewaris 2026 in artikel yn De Veldpost: “Lessen trekken uit verleden in besluitvorming Veenweidegebied”. Lês hjir it artikel
- In koart ferslach fan de gearkomste fan 16 jannewaris 2026 mei Frits van der Schans en Kasper van Benthem stiet op de LinkedIn-pagina fan it Frysk Lânboumuseum. Lês hjir it ferslach
- Rob van Lint, foarsitter fan it CTGB hold in ferhaal oer harren wurkwize en de spanning tusken it middelengebrûk en saken as fiedselfeilichheid, fiedselwissens en beskerming fan it miljeu. Ek oanwêzich by it debat wiene Jan Roelsma (Wetterskip Fryslân) en Nicolette Quaedvlieg (GroentenFruit Huis). De Leeuwarder Courant hold in ynterview mei Rob van Lint nei oanlieding fan de gearkomste. Lês hjir it artikel
Aginda
Programma 2026-2027 folget