Lânboukundich Wurkferbân
It Lânboukundich Wurkferbân organisearret geregeldwei gearkomsten, meastentiids yn it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert (Goutum), en ekskurzjes oer agronomyske saken fan hjoed-de-dei en fan eartiids. It doel fan dizze aktiviteiten is it dielen fan (wittenskiplike) kennis mei in breed publyk.
Yn 'e twadde helte fan 'e 20ste iuw is der yn 'e lânbou in protte feroare. It tal minsken dat yn 'e lânbou syn brea fertsjinnet, is tebekrûn. Doch nimt de lânbou hjoed-de-dei noch hieltyd in wichtich plak yn op it mêd fan 'e wurkgelegenheid yn Fryslân. De lânbou wurdt ek jimmer mear belutsen by saken as romtlike oardering, miljeu, natoer, lânskip en toerisme. By saken lykas biotechnology en genetyske modifikaasje komt de etyk op 't aljemint. Al dy ûnderwerpen komme oan 'e oarder yn 'e gearkomsten fan it Lânboukundich Wurkferbân.
Oprjochtingsjier
1941
Bestjoer en kontakt
Foarsitter: Truus Steenbruggen (e-mail)
Skriuwer: Frans Ettema
Bestjoersleden: Jacob Heida, Reinder Schaap, Goffe Jensma, Nynke Dijkstra
Utnûging
Freed 20 febrewaris, Frysk Lânboumuseum, 14:00
Aginda
Yn it winterseizoen 2025-2026 organisearret it Wurkferbân in searje debatten
Freed 20 febrewaris 2026 “De historie van het Fries Veenweidegebied”
Mark Raat, promovendus by de Fryske Akademy, sil fertelle oer syn promoasjeûndersyk nei de histoaryske beslútfoarming oer it Fryske Feangreidegebiet (ca. 1600-1970). Oan it debat docht ek Geart Benedictus mei, lânboufertsjintwurdiger yn it Bestjoerlik Oerlis Feangreide.
Ynrin 13:30, start om 14:00 yn it Fries Landbouwmuseum te Ljouwert
Klik hjir foar it folsleine programma 2025-2026
Earder yn it seizoen
Freed 16 jannewaris 2026 “Niet alles kan overal, aldus Johan Remkes”
Frits van der Schans, senior adviseur by it Sintrum foar Lânbou en Miljeu (CLM) jout syn fyzje op dit motto, mei klam op wat der wól kin, en wat dit betsjut foar it romtlik gebrûk fan de lânbou yn Noard-Nederlân en Fryslân yn it bysûnder. Ek oanwêzich by it debat is Kasper van Benthem, molkefeehâlder yn Broek (Joure).
Ynrin 19:30, start om 20:00 yn it Fries Landbouwmuseum te Ljouwert.
Freed 28 novimber 2025 “Fabels en feiten over gewasbeschermingsmiddelen”
Rob van Lint, foarsitter fan it College voor de Toelating van Gewasbeschermingsmiddelen en Biociden (CTGB), giet yn op harren wurkwize en de spanning tusken it middelengebrûk en saken as fiedselfeilichheid, fiedselwissens en beskerming fan it miljeu. Ek oanwêzich by it debat binne Jan Roelsma (Wetterskip Fryslân) en Nicolette Quaedvlieg (GroentenFruit Huis)
Ynrin 13:30, start om 14:00 yn it Fries Landbouwmuseum te Ljouwert