Ledegearkomste Genealogysk Wurkferbân: 80-jierrich jubileum
It bestjoer fan it Genealogysk Wurkferbân nûget har leden út foar in ledegearkomste.
Yn oktober 2026 bestiet it Genealogysk Wurkferbân 80 jier. Boppedat is it bestjoer ôfrûne jier flink fernijd en sitte se fol nije ideeën! Om omtinken te jaan oan it 80-jierrich jubileum en om de leden fan it Wurkferbân mei te nimmen yn de nije ideeën fan it bestjoer, wurde alle leden útnûge foar in gearkomste op 31 oktober 2026 fan 13:30 oant 16:00 oere (Tresoar, Bûterhoeke 1).
Programma
It programma is opboud út trije ûnderdielen: alderearst in wolkom en in weromsjen op 80 jier Genealogysk Wurkferbân. Dêrnei folget in ynteraktyf diel oer de ideeën fan it bestjoer. De ynsichten en ynbring fan de leden is hjirby tige wichtich. De gearkomste wurdt ôfsluten mei in drankje om te proasten op 80 jier Genealogysk Wurkferbân.
Opjefte
De tagong is fergees, mar oanmelding is needsaaklik fia dit opjefteformulier. As jo net komme meie jo dat ek oanjaan. We binne benijd nei de ideeën fan alle leden.
By fragen kinne jo in mail stjoere.