Heraldyske Dei 2026, Tresoar (Ljouwert)
Dat de Heraldyske Dei dit jier nei Fryslân komt is gjin tafal: de Fryske Rie foar Heraldyk fan de Fryske Akademy fiert dit jier har 70-jierrich bestean. Ta dizze gelegenheid wurdt de jierlikse gearkomste dy't yn it teken stiet fan heraldyk nei Ljouwert helle. Dêrneist publisearret de Fryske Rie foar Heraldyk op dizze dei in nije útjefte, in boekje mei de titel: “Dorpswapens in Fryslân”.
It programma
11:00 - Ynrin Tresoar mei kofje/tee en oranjekoeke mei in marsepinen symbolyk
11:30 - Iepening fan it lustrum troch de Kommissaris fan de Kening, drs. Arno Brok
12:00 - Ynlieding troch foarsitter fan de Fryske Rie foar Heraldyk, Jan T. Anema, en foarsitter fan it Nederlands Genootschap voor Heraldiek, Bas Verkerk
12:15 - Lêzing troch drs. Redmer Alma: Heraldiek in de Friese landen (Fryslân, de Ommelanden, Oost-Fryslân)
13:00 - Skoft mei lunsj
14:15 - Lêzing troch dr. Ralf Hartemink: Friese waterschapswapens; vvan 1000 naar 1
15:00 - Lêzing troch Jelle Terluin: Dorpswapens
Fan 12:00-16:30 ôf is der in heraldyske merk, mei ûnder oare boekeferkeap, in glêskeunstner en mear. Dizze merk is frij tagonklik foar alle besikers, ek besikers fan Tresoar.
Tagong
De yntree foar de Heraldyske Dei bedraacht € 25,- per persoan, ynklusyf kofje/tee, gebak, lunsj en de útjefte fan Dorpswapens in Fryslân fan de Fryske Rie foar Heraldyk.
Jo kinne online, fia ús ticketshop, kaarten keapje.
Kontakt
Hawwe jo fragen oer de Heraldyske Dei of oer de kaartferkeap? Mail dan nei wurkmienskip@fryske-akademy.nl
Let op: Tresoar kin gjin fragen beäntwurdzje oer it sympoasium.