Presintaasje Dylan Rose, 35th Conference of the European Second Language Association, Lissabon (PT)
De 35e jierlikse konferinsje fan de European Second Language Association (EuroSLA 35) is fan 24 oant en mei 27 juny 2026 yn Lissabon, Portugal, en wurdt organisearre troch it Undersykssintrum foar Taalwittenskip (CLUNL) fan de NOVA-Universiteit fan Lissabon, ien fan de toansettende ynstellings op it mêd fan de taalwittenskippen yn Portugal.
EuroSLA 35 bringt ûndersikers byinoar dy’t har dwaande hâlde mei it winnen fan twadde, frjemde en ekstra talen, twataligens en meartaligens. De konferinsje omfettet haadlêzingen, presintaasjes fan yndividuele papers (ûndersyksgearfettingen) en posters, in doktoraatsworkshop, in rûnetafelpetear en sosjale eveneminten.
Rose
Dylan Rose is op basis fan syn ûndersyksgearfetting ek útnûge om in presintaasje te jaan. Rose is promovendus oan de Fryske Akademy en Campus Fryslân, dêr't er de kognitive en sosjolinguistyske meganismen bestudearret dy't te ’n grûnslach lizze oan twatalige spraak yn it Frysk en Nederlânsk. Syn ûndersyk rjochtet him op hoe't de identiteit fan de sprekker fan ynfloed is op taalwikseling, perseptuele autentisiteit en ynteraktyf gedrach, mei direkte ymplikaasjes foar it ûntwerp fan ynklusive en minderheidstaalgefoelige AI-systemen. Hy wurket op it snijflak fan laboratoariumsosjolinguistyk, psycholinguistyk en spraaktechnology.
Rose komt oarspronklik út Prince Edward Island, Kanada, en hat in BA Honours English, in BA Honours Psychology en in Master of Education (M.Ed.) fan de Universiteit fan Prince Edward Island, lykas in Research Master (ReMa) yn Linguistics: Language and Cognition fan de Ryksuniversiteit Grins.
Yn syn ReMa-skripsje, mei de titel ‘Balancing the bilingual mind: How experience shapes language switching and cognate facilitation’, ûndersocht er twatalige kontrôle en taalattitudes by Nederlânsktalige en Ingelsktalige sprekkers. Yn syn doktoraatsûndersyk stribbet er dernei om in brêge te slaan tusken kognitive teory en praktyske taaltechnology om de fitaliteit en autentike fertsjintwurdiging fan minderheidstalen te stypjen.