Skip to main content Skip to page footer

Boekpresintaasje Genealogysk Jierboek: digitale taspraak Nelleke IJssennagger-van der Pluijm

Boekpresintaasje Genealogysk Jierboek: 75 jier Fryske famyljeskiednis yn in nij jaske

It Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy hat it 75ste jierboek op feestlike wize presintearre by Tresoar.

De Fryske Akademy fierde op sneon 4 april 2026 in bysûnder jubileum mei de presintaasje fan it 75 Genealogysk Jierboek. Wat yn 1951 begûn as in beskieden “boekje” foar Fryske genealogen, is útgroeid ta in ûnmisber neislachwurk foar elkenien dy’t mei Fryske famyljeskiednis dwaande is.

It Genealogysk Jierboek wurdt gearstald en redigearre troch de leden fan it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. It Jierboek is in tastber bewiis fan withoefolle oeren sneupe yn argyven, notariële akten en ego dokuminten. 

Ype Brouwers

In persoan dy't in tige wichtige rol spile hat yn de skiednis fan it Genealogsyk Wurkferban is de ôfrûne jier ferstoarne genealooch Ype Brouwers (1949-2025). Yn de jierren tachtich rekke hy as jonge tritiger by it wurkferbân belutsen en spile tsientallen jierren in belangrike rol binnen it wurkferbân. Brouwers lit in grutte leechte efter yn de redaksje, sa fertelt redaksjelid Jelle de Jong yn in Yn Memoriam.

Skiednis fan it Genealogysk Jierboek

Nei in koart histoarysk oersjoch fan it Genealogysk Jierboek troch Pieter Nieuwland, mochten Gosse van der Plaats, foarsitter fan it Genealogysk Wurkferbân en Han Nijdam fan de Fryske Akademy de earste eksimplaren yn ûntfangst nimme fan it Genealogysk Jierboek 2025, útjûn yn in folslein nij ûntwerp. 

Dêrnei wie it tiid om foarút te sjen. Yn gearwurking mei Jantine van der West en Froukje Sijtsma fan de Fryske Akademy, organisearre it Wurkferbân in panelpetear oer de takomst en it belang fan genealogysk ûndersyk. Fjouwer deskundigen út útienrinnende wurkfjilden gienen mei elkoar en mei it publyk yn petear. 
 

Takomst fan genealogy

Sa beklamme Marga Claus, skriuwer fan libbensferhalen, hoe’t genealogy minsken helpe kin om harren plak yn de wrâld te tsjutten, mar hoe’t de feiten altyd ûndergeskikt binne oan de ferhalen. Johan Wagenaar, eigner fan in histoarysk ûndersyksburo, fertelde oer it sosjale aspekt fan it Genealogysk Wurkferbân en prate oer it belang fan it tagonklik meitsjen fan genealogy foar jonge generaasjes. Martha Kist, kolleksjefoarmer by Tresoar, gie neier yn op de kânsen en risiko’s fan digitalisearring en Paul van der Zwaag, kliniysk genetikus by it UMCG, beklamme it belang fan genealogy yn DNA-ûndersyk. De ferskillende perspektiven en oanfollingen en anekdotes út it publyk wei soargen foar in libben petear. De konklúzje wie: genealogy is folle mear as it sammenljen fan nammen en data. It giet om ferhalen, identiteit, sûnens en ferbining. 

Yn it programma wie der rom tiid foar de auteurs út it Jierboek om harren artikels ta te ljochtsjen. De Fryske Rie foar Heraldyk presintearre mar leafst njoggen nije famylje- en doarpswapens en -flaggen, dy’t ek opnommen binne yn it Jierboek.  

Bestjoerswiksel

De dei waard ôfsletten mei in bestjoerswiksel. Nei acht jier namen foarsitter Gosse van der Plaats en skriuwer Jabik van der Bij ôfskied fan harren funksje. Beiden waarden troch Jantine van der West út namme fan de Fryske Akademy betanke foar harren ynset en belutsenens by it bestjoer fan it Genealogysk Wurkferbân. Wybo Palstra en Melle van der Heide trede as nije foarsitter en skriuwer oan.

 

Ek nijsgjirrich?

De Fryske Akademy biedt yn de foarm fan wurkgroepen en stúdzjerûnten elkenien de mooglikheid om yn breder ferbân stúdzje te meitsjen fan in ferskaat oan wittenskiplike ûnderwerpen. Dizze platfoarmen foar boargerwittenskip fungearje as moetingsplak tusken wittenskip en maatskippij. Elke stiper kin sels oanjaan oft hy of sy belutsen wêze wol by ien fan de wurkferbannen. Wolkom!

Wolle jo it Genealogysk Jierboek 2025 bestelle? Dat kin mei ûndersteand formulier:

Bestelformulier GJ 2025