Skip to main content Skip to page footer

Meartaligensdei 2024 (mei Pieter Duijff fan de Fryske Akademy). Foto: Martine Jansen

80 brêgeklassers út Swol nei Ljouwert foar Fryske taal

Op woansdei 29 jannewaris komt de Thorbecke Skoallemienskip út Swol foar de tredde kear mei likernôch 80 VWO-brêgeklassers nei Ljouwert yn it ramt fan de Meartaligensdei yn harren Wittenskipswike. Harren dosint Frânsk is in Liwwadder/Fries-om-utens en hy wol syn learlingen graach yn 'e kunde komme litte mei de Fryske taal.

Mercator, Fryske Akademy en Tresoar wurkje gear om dizze bern te ynspirearjen mei workshops oer taal en rûnliedings troch de depots fan Tresoar. Martijn Kingma, Martine Jansen en Inge Heslinga (Mercator, Fryske Akademy) sille fertelle oer taal en meartaligens, Jacob Roep (edukatyf meiwurker fan Tresoar) fersoarget de rûnliedings.

Dit is de tredde en lêste kear dat de groep nei Ljouwert komme sil; de skoalle kiest yn it skoaljier ‘25/’26 foar in oare opset.

De Ljouwerter Krante makke yn 2023 in moai ferslach fan de earste besite.