Akademylêzingen 2026/2027: de kaartferkeap is los!
Sûnt 1957 organisearret de Wurkgroep Akademylêzingen alle jierren in rige fan seis langere publykslêzingen, ferspraat oer trije dagen yn it winterskoft. Ek foar dit seizoen is it de wurkgroep wer slagge om oansprekkende sprekkers út te nûgjen.
Oer de Akademylêzingen
De Akademylêzingen (earder de Frouljuslêzingen) is in rige fan seis publykslêzingen oer aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema's, ferspraat oer it winterskoft.
De Akademylêzingen wurde organisearre op trije ferskate dagen: dit seizoen binne dat freed 13 novimber 2026, tiisdei 26 jannewaris 2027 en freed 19 maart 2027. Eltse dei binne der twa lêzings: de earste lêzing fan de dei is moarns fan 10:00-12:00 oere (mei kofjeskoft en fragen/diskusje), de twadde lêzing fan 13:30-15:30 oere (mei teeskoft en fragen/diskusje).
Jo kinne kieze om de lêzingen yn Ljouwert by te wenjen, of op ‘e Jouwer.
Programma 2026/2027
LJOUWERT
DE JOUWER
Freed 13 novimber 2026
Dr. Jacob Klimstra - 'Boek René van Stipriaan - Ofskie fan it âlde Nederlân: is ús demokrasy noch te rêden?’
Ds. J. Vonk - ‘Socrates en Plato. Vroedvrouw en grotbewoner’
Ds. J. Vonk - ‘Socrates en Plato. Vroedvrouw en grotbewoner’
Dr. Jacob Klimstra - 'Boek René van Stipriaan - Ofskie fan it âlde Nederlân: is ús demokrasy noch te rêden?’
Tiisdei 26 jannewaris 2027
Drs. Mark Raat, promovendus - ‘Skiednis fan it Fryske Feangreidegebiet yn hjoeddeistich perspektyf ‘
Drs. Froukje Santing - ‘Pake en zijn vee. Een reis naar Zuid-Afrika in 1911’
Drs. Froukje Santing - ‘Pake en zijn vee. Een reis naar Zuid-Afrika in 1911’
Drs. Mark Raat, promovendus - ‘Skiednis fan it Fryske Feangreidegebiet yn hjoeddeistich perspektyf '
Freed 19 maart 2027
Dr. Marije Elferink-Gemser - ‘Foarsizzen ûntwikkeling talinten yn de sport'
Prof. dr. Theunis Piersma, RUG - 'Wat fûgels elkoar oer ús lân fertelle'
Prof. dr. Theunis Piersma, RUG - 'Wat fûgels elkoar oer ús lân fertelle'
Dr. Marije Elferink-Gemser - ‘Foarsizzen ûntwikkeling talinten yn de sport'
Kaartferkeap
In ticket foar de seis lêzingen op trije dagen kostet €30,-, ynklusyf kofje/tee. Jo kinne kieze om de lêzingen yn Ljouwert (Grand-Café Restaurant De Koperen Tuin) by te wenjen, of op ‘e Jouwer (Party- en Sealesintrum ’t Haske).
Let op: it is net mooglik om foar in inkelde lêzing in kaart te keapjen.