Skip to main content Skip to page footer

Artikel 'A new fragment of the 15th century Frisian Excerpta Legum tradition'

Artikel oer twadde Aldfryske fragmint út Wenen ferskynd

Ferline jier waard it bestean fan in kolleksje hânskriftfragminten wrâldkundich makke dat yn de Nasjonale Biblioteek fan Eastenryk leit. It twadde Aldfryske fragmint út dy kolleksje is no útjûn troch it team fan de Fryske Akademy en de Vrije Universiteit Amsterdam dat al jierrenlang gearwurket op it mêd fan it Aldfryske rjocht fan de 15e iuw: prof. dr. mr. Hylkje de Jong (Vrije Universiteit), dr. Han Nijdam (Fryske Akademy) en dr. Marvin Wiegand binne de auteurs fan it artikel, mar em. prof. mr. Jan Hallebeek (Vrije Universiteit) en dr. Oebele Vries (Fryske Akademy) hawwe ek meiholpen.

Frisian Excerpta Legum tradysje

It artikel ‘A new fragment of the 15th century Frisian Excerpta Legum tradition. Edition, translation, and commentary' is publisearre yn it wittenskiplik Tijdschrift voor Rechtsgeschiedenis (útjouwer De Gruyter Brill) en is yn Open Access te rieplachtsjen:

de Jong, H., Nijdam, J. A., Wiegand, M., Hallebeek, J., & Vries, O. (2025). A new fragment of the 15th century Frisian Excerpta Legum tradition. Edition, translation, and commentary. Tijdschrift voor rechtsgeschiedenis / Revue d'histoire du droit/The Legal History Review, 1-19. doi.org/10.1163/15718190-20250102