Douwe Durk Breimer en Annemieke Galema beneamd ta Akademylid. Jorris Kingma wint Fryske Akademy Skripsjepriis
Oer de nije leden
De leden binne wichtich as ambassadeurs foar de Fryske Akademy, dy't oantrune wurde om aktyf mei te tinken op it mêd fan it wittenskiplik ûndersyk en de maatskiplike posysje fan 'e Fryske Akademy. Mar boppe alles is it lidmaatskip in erkenning fan immens wittenskiplike, maatskiplike of kulturele fertsjinsten.
(De laudaasjes binne skreaun en op de Akademydei útsprutsen troch ds. Liuwe Westra. Hjirûnder in koart fragmint.)
Douwe Durk Breimer (berne te Aldemardum, wenjend te Oegstgeest)
Inkelde hichtepunten út de wittenskiplike karriêre fan Breimer is syn beneaming ta heechlearaar farmakology oan de Universiteit Leiden yn 1975. Oan dyselde universiteit wie er fan 2001-2007 rector magnificus. Yn 2016 wie Breimer, út namme fan de KNAW, foarsitter fan de evaluaasjekommisje fan de Ried fan Tafersjoch fan de Fryske Akademy.
"It bysûndere fan Douwe Breimer is dat er net allinnich in klassike universitêre steat fan tsjinst opboud hat, mar dêrby belutsen west hat en noch altyd is by nije akademyske inisjativen, lykas Campus Fryslân te Ljouwert, mar ek de Academie van Franeker. Just troch dy kombinaasje fan nije ympulzen út ’e regio wei oan ’e iene kant mei rigûreuze akademyske mjitstêven oan ’e oare kant makket dan ek, dat de Fryske Akademy foar him in ynstitút is dêr’t er net omhinne kin, en ek net omhinne wol.”
Annemieke Galema (berne yn Burchwert, wenjend te Winsum Gr.)
Galema is sosjaal-ekonomysk histoarikus. Oant har pensjoen wie se direkteur Valorisatie en Innovatie by de Ryksuniversiteit Grins en foarsitter fan Northern Knowledge. Galema die nei har ôfstudearjen ûndersyk yn Amearika nei de migraasjeskiednis fan Nederlanners en rekke sa ek fasinearre troch de migraasjeferhalen fan Friezen.
“As pionier foar Ljouwert en Fryslân as Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018, as grûnlizzer fan ’e University of Groningen Campus Fryslân en net te ferjitten as stille ambassadeur fan ’e Fryske Akademy hat hja soarge dat der no in bliuwende stream fan nijsgjirrige, ambisjeuze en open minded wrâldboargers dizze kant út op gong kommen is dêr’t alle Friezen better fan wurde kinne.”
Fryske Akademy Skripsjepriis 2024-2026
De Fryske Akademy Skripsjepriis 2024-2026 is takend oan Jorris Kingma (Rie/Ljouwert). Foar de oplieding Skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins skreau hy foar de ûndersyksmaster ‘Classical, Medieval and Early Modern Studies’ syn skripsje ‘Sediments, salt marshes and society On the interaction between man and environment in the clay region of Westergo between 850 and 1250 CE’. Kingma is yn 2025 cum laude ôfstudearre. De Fryske Akademy Skripsjepriis bestiet út in oarkonde en in bedrach fan € 1000,-.
In earfolle fermelding is takend oan Louw Biesma (De Pein). Foar de oplieding Taalwittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins folge er it masterprogramma Theoretical and Emperical Linguistics. Hy skreau de skripsje ‘A control approach to the imperativus pro infinitivo construction in West Frisian’. Biesma is ôfstudearre yn 2026.