Fakatuere: studintmeiwurker Taalkundich Netwurk foar 3 oeren wyks
Wy sykje in entûsjaste studint dy't it nijsgjirrich fynt om mei te wurkjen oan wittenskiplike aktiviteiten en belangstelling hat foar de Fryske taal en taalkunde.
Wa bisto? Do…
• bist studint oan in universiteit (Bachelor of Master);
• hast belangstelling foar de Fryske taal en taalkunde;
• hâldst fan organisearjen en gearwurkjen;
• kinst selsstannich en betrouber wurkje;
• bist likernôch trije oeren yn 'e wike beskikber;
• hast treflike kommunikative feardichheden (mûnling en skriftlik) yn sawol Frysk, Nederlânsk as Ingelsk.
Wat biede wy?
• In ôfwikseljende frijwilligersfunksje binnen de Fryske Akademy.
• De mooglikheid om ûnderfining op te dwaan yn in wittenskiplike organisaasje en yn de wittenskipskommunikaasje.
• De kâns om yn ‘e kunde te kommen mei ûndersikers en oaren dy't har dwaande hâlde mei de Fryske taal.
• Fleksibiliteit yn 'e ferdieling fan de oeren oer it kolleezjejier.
• In frijwilligersfergoeding neffens de jildende fiskale regeling (op dit stuit maksimaal €220 yn 'e moanne, maksimaal €2200 yn it jier).
De funksje is foar ien kolleezjejier. Nei ôfrin fan it kolleezjejier einiget de funksje yn prinsipe. De funksje wurdt dêrnei op 'e nij iepensteld, sadat ek oare studinten de kâns krije om ûnderfining op te dwaan binnen de Fryske Akademy.
Lês de folsleine fakatuere hjir (pdf). Reagearje kin oant 5 oktober 2026.