Fakatueren: twa promoasjeplakken op it mêd fan taalwittenskip
Konkreet sil it iene projekt him rjochtsje op morfosyntaktyske struktueren yn it West-, East- en Noardfrysk, wylst it oare projekt him rjochtsje sil op dialektology, mei as doel nije kaarten fan taalkundige fariaasje yn it taalgebiet Fryslân yn Nederlân te meitsjen.
Unike kâns
De funksjes binne ûnderbrocht by de Ryksuniversiteit Grins en it ûndersyksynstitút Fryske Akademy, wat in unike kâns biedt om ûndersyk te dwaan mei stipe fan de komplemintêre ekspertize en ynfrastruktuer fan beide ynstellings.
Yn dizze oanstelling wurkje de kandidaten oan in proefskrift en besteegje hja 0,1 fte oan ûnderwiisaktiviteiten. De oanstelling jildt foar fjouwer jier en giet yn oktober 2026 yn (of letter yn ûnderling oerlis). De selektearre kandidaten komme yn tsjinst by de Fryske Akademy, mei stânplakken yn Ljouwert (Fryske Akademy) en Grins (Fakulteit der Letteren, Rijksuniversiteit Groningen).
It begeliedingsteam bestiet út dr. Fenna Bergsma (Fryske Akademy), dr. Anne Merkuur (Fryske Akademy en Ryksuniversiteit Grins) en prof.dr. Arjen Versloot (Ryksuniversiteit Grins).
Sollisitearje
Is dit miskien wat foar dy? Lês dan alles oer dizze ûndersyksplakken en oer it projektplan dat derby heart yn dizze fakatuere yn it Frysk, Nederlânsk of Ingelsk. Reagearje kin oant moandei 24 augustus 2026, 12:00 uur.