Fedde Schurerlêzing 2026: Breteler en Liemburg oer 'Frysk: in (foar)rjocht?'
De Fedde Schurerlêzing wurdt organisearre troch De Fryske Beweging, yn ‘e mande mei de Fryske Akademy en de Leeuwarder Courant.
De lêzing draacht sûnt 2010 de namme fan Fedde Schurer (1898 -1968) - dichter, sjoernalist, politikus en militant pasifist - waans gedachtegoed en skiednis oanlieding joech ta dit jierliks momint. Dit jier is de lêzing opnaam yn de fiering fan 75 jier Kneppelfreed, organisearre troch de rjochtbank Noard-Nederlân en de provinsje Fryslân in it Paleis van Justitie yn Ljouwert.
Fedde Schurer spile in wichtige rol om Kneppelfreed (16 novimber 1951) hinne, in kearpunt yn de wetlike erkenning fan it Frysk yn it bestjoer, it ûnderwiis en de rjochtspraak. Schurer spruts him doe as haadredakteur fan de Friese Koerier ferneatigjend út oer in rjochter dy’t mear as ien kear it brûken fan de Fryske taal yn de rjochtbank ferbea en bespotlik makke. Doe't er dêrop sels foar it gerjochtshôf yn Ljouwert ferskine moast fanwege mislediging, bruts bûten it opskuor los en grypte de plysje mei wapenstôk en wetterkanon yn. Kneppelfreed makke de geasten ryp om it Frysk (op syn minst) as lykweardich oan it Nederlânsk te behanneljen.
It programma fan de lêzing op sneon 21 novimber set om 16:00 oere útein (ynrin fan 15:15 oere ôf). De tagong is fergees. Nei ôfrin is der in gesellige neisit mei drankje en hapke. De tagong is fergees, mar oanmelde is needsaaklik.
Yn it koart
Wa: Anne-Goaitske Breteler en Johanneke Liemburg
Wat: Fedde Schurerlêzing 2026
Wannear: sneon 21 novimber 2026
Wêr: Paleis van Justitie, Wilhelminaplein 1 (Zaailand), Ljouwert
Hoe let: ynrin fan 15;15 oere ôf, start fan it programma om 16:00 oere.
Yntree: fergees, mar oanmelde moat troch in fergees ticket oan te freegjen fia Eventbrite >>>