Skip to main content Skip to page footer

Janneke Spoelstra, Eric Hoekstra en Erik Betten (flnr)

Ferhalejûn (mei NGT-tolk) by de Fryske Akademy

Kollega's Janneke Spoelstra, Eric Hoekstra en Erik Betten fertelle op freed 20 novimber by de Fryske Akademy persoanlike ferhalen. De jûn wurdt organisearre yn it ramt fan de provinsjale Verhalenavond mei it tema 'My Roots'. NGT-tolk Anneke Kooistra fersoarget de oersetting nei/fan Nederlânske Gebeartetaal. De hiele jûn kinne besikers harren eigen ferhalen fertelle by ús geurtafel fan it ûndersyksprojekt Een Neus voor Erfgoed dat ûndersyk docht nei de geuren fan Fryslân.

 

Eric Hoekstra: "Hoe’t in taalkundige him ta Kristus bekearde sûnder der sels nei op syk te wêzen"

Taalkundige Eric Hoekstra fertelt mei de Ferhalejûn oer in pear boppenatuerlike ûnderfiningen dy't him derfan oertsjûgen dat Jezus "de Wei, de Wierheid en it Libben" is.

“Ik bin antikristlik grutbrocht en ik hie oant myn 57e noait wat boppenatuerliks meimakke. Ik hie myn syktocht nei de wierheid opjûn. Doe krige ik yn 2017 ynienen in pear boppenatuerlike ûnderfiningen. Dêrtroch begûn ik nei de tsjerke te gean en lies de fjouwer evangeeljes. Dy teksten fertelden fan wûnderbaarlike genêzingen, profesijen en besetenheid troch demoanen! Doe’t ik bewiis krige foar de werklikheid fan dy ferskynsels, begûn ik te leauwen yn Jezus & Bibel.”

Eric fertelt syn ferhaal om 19:00 / 20:00 / 21:00 oere by de Fryske Akademy (Doelestrjitte 8, Ljouwert). NGT-tolk Anneke Kooistra is oanwêzich om te tolken.

Janneke Spoelstra: "Gewoan oars, lhbtyq+ yn Fryslân"

It ferhaal fan Janneke Spoelstra giet oer in syktocht nei ferhalen dêr’tst dy as lhbtyq+’er yn Fryslân mei identifisearje kinst. Ferhalen dêr’t net allinnich dyn Frysk wêzen, mar ek dyn oare/rôze/lhbtyq+ kant yn oansprutsen wurdt. Wêr fynst Fryske rôze gedichten? Is der in spannende gay-Fryske roman? In iepenloftspul mei in moaie lesbyske haadrol? Bestiest wol as Fryske non-binêr, as it wurdboek gjin opsjes jout om jinsels te beneamen?

Janneke fertelt har ferhaal om 19:15 / 20:15 / 21:15 oere by de Fryske Akademy (Doelestrjitte 8, Ljouwert). NGT-tolk Anneke Kooistra is oanwêzich om te tolken.

Eric Betten: "Tusken tonge en fingers"

It ferhaal fan Erik Betten giet oer Koda's. Dat binne bern fan dôve folwoeksenen. Koda's groeie faak op as bemiddelers dy't op elk momint op wacht steane. Sawol de 'Dôvewrâld' as de harkjende wrâld deromhinne hawwe har eigen ferwachtingen, oannames en bline flekken. Skriuwer en dichter Erik Betten (50) fertelt oer syn ûnderfiningen as Koda yn 'e jierren '80 yn Leeuwarden, mei situaasjes dy't sawol pynlik as hilarysk útdraaie koene.

Erik fertelt syn ferhaal om 19:45 / 20:45 / 21:45 oere by de Fryske Akademy (Doelestrjitte 8, Ljouwert). NGT-tolk Anneke Kooistra is oanwêzich om te tolken.

Fertel de hiele jûn dyn ferhaal by ús geurtafel

Hoe rûkt Fryslân neffens dy? Wat binne typyske Fryske geuren of geurwurden? Binne der Fryske geuren dy't sa weardefol binne dat we se bewarje wolle as erfgoed? Wat is ‘geurerfgoed’ eins, en wa bepaalt hokker geuren as erfgoed erkend wurde? 

It ûndersyksprojekt Een Neus voor Erfgoed – in gearwurking tusken KNAW Humanities Cluster (Meertens Instituut en NL-Lab), Fryske Akademy en IFF (International Flavors & Fragrances) – sykje wy mei-inoar nei it Fryske geurlânskip. Dat dogge we net allinnich mei ûndersikers, mar just ek mei it publyk. Elkenien is mei de Ferhalejûn fan herte útnûge om mei te tinken en mei te rûken.

Geurûndersiker Lesine Moricke stiet de hiele jûn klear by har geurtafel. Kom rûken en diel dyn ferhalen. NGT-tolk Anneke Kooistra is oanwêzich om te tolken as der gjin lêzingen binne (om 19.45, 20.45 en 21.45 oere).