Skip to main content Skip to page footer

Ferlern... Ferlernsto of ferlearsto de wedstriid? Foto: Rico/Pixabay

Ferlern... Ferlernsto of ferlearsto de wedstriid?

‘Ferlern!’ Dúdlike taal nei ôfrin fan in wedstriid. We hawwe ferlern. It mulwurd ferlern komt fansels hiel faak foar. Grif folle faker as de oare foarms fan it tiidwurd. Dus hoe siet it eins ek wer yn ’e doetiid? Ferlernsto de wedstriid? Of ferlearsto de wedstriid? Of witst it eins net mear?

Dit artikel is troch Anne Merkuur skreaun foar ús 'Ut de Smidte' (Simmer 2026).

 

It is net altyd maklik om sa’n ôfwikende foarm paraat te hawwen, as je yn ’e praktyk hast allinnich it mulwurd brûke. In lytse rûnte lâns wat freonen en kollega’s liet dat ek moai sjen. Wat blykt? De measten mije de doetiid gewoan. Dy hâlde it feilich (en koppich!) by ik ha ferlern of do hast ferlern. In oare tiid liket foar harren hast oerstallich wurden. Sterker noch, se wegerje dy sels te foarmjen. 

Mar der wie ek in lyts groepke fan minsken dat wat bysûnders die, opfallend genôch allegear rasechte Súdwesthoekers. Dy blike sûnder muoite: ik ferlernde, do ferlerndest, wy ferlernden te sizzen. Foarmen dy’t foar oare sprekkers frjemd oandogge, en soms sels as fout beskôge wurde. Want wa’t Fryske les hân hat, hat meast leard: hjoed ferlies ik, juster ferlear ik, foarige wike haw ik ferlern. In klassyk ûnregelmjittich tiidwurd, mei trije ferskillende stammen.

 

 

Ferneamd

Yn it (histoarysk) Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT) wurdt lykwols ek in fariant fan dit tiidwurd neamd: it swakke tiidwurd ferlerne. Dat hat in eigen regelmjittich paradigma: hjoed ferlern ik, juster ferlernde ik, foarige wike haw ik ferlernd. Sa’n swak paradigma wurdt yn de nijste wurdboeken net mear neamd. Mar benammen dy lêste twa foarmen slute wol dúdlik oan by wat wy by ús Súdwesthoekske freonen en kollega’s hearre. De Súdwesthoeke is ommers ek ferneamd om it taheakjen fan de swakke -d efter in mulwurd as ferlern (ferlykje sjoend, diend, seind). Sawol ferlende en ferlernd binne dus net samar ‘ferkeard’, en hawwe wol deeglik in plak (hân) yn de beskreaune taal.

Tagelyk liket dit net hielendal in goeie ferklearring. De notiidsfoarm hjoed ferlern ik komt nammentlik by ús witten yn ’e praktyk net of amper (mear) foar, en wy fine dy bygelyks ek net yn de Taaldatabank mei korpora fan de Fryske Akademy. De freonen en kollega's dy’t sûnder muoite ferlernde sizze, brûke ek yn ’e notiid gewoan ferlies ik. Dêr liket dit swakke paradigma dus net folslein te wêzen.

 

Mooglike ferklearrings

Dat bringt ús by twa mooglike ferklearrings. De earste is dat eardere grammatisy miskien wat te gau konkludearre hawwe dat hjir sprake is fan in folslein swak tiidwurd. Op basis fan in beheind tal foarmen kin sa’n konklúzje al gau lutsen wurde, wylst it miskien wol om in mingd systeem giet, dêr’t allinnich sprake is fan in oergeneralisaasje fanút it mulwurd wei nei de doetiid. De Súdwesthoekske mulwurdsfoarm ferlernd hat foar minsken oanfield as in gewoane regelmjittige foarm op -d (ferlykje it hat reind), wêrtroch ferlern ynterpretearre waard as (doetiids)stam, dy’t yn de doetiid in regelmjittich bûgd wurdt ta: ferlern-de (ferlykje: reinde).

Mar it kin fansels ek wêze dat der oarspronklik wol in hielendal swak, súdwestlik paradigma bestien hat (ferlern, ferlernde, ferlernd), mar dat de notiidsstam ferlies der ynkrongen is fanút it Standertfrysk wei. Yn dat gefal hawwe wy te krijen mei in foarm fan taalkontakt binnen ien taalgebiet, dêr’t in standertfoarm in pleatslike fariant ferfangt. It helpt dêrby grif ek mei dat ferlies bot liket op de Nederlânske stam verlies.

Fan watfoar senario hjir sprake fan is, is net fuort dúdlik. Wat yn alle gefallen opfalt, is dat sprekkers hiel pragmatysk én ferskillend mei dizze foarmen omgean. It mulwurd ferlern is dominant, dus wurdt de doetiid faak mijd, en wa’t him dochs brûkt, kin út mear as ien mooglikheid kieze. Dat jout, op de lytse skaal fan ien tiidwurd, in moai ynsjoch yn hoe’t taal wurket. En as wy it yn sporttermen hâlde: de einstân is 1-0 foar it ûnregelmjittige tiidwurd.