Skip to main content Skip to page footer

Team Fryske Akademy (foto: Weekend van de Wetenschap)

Fikingskatten sykje, taalmystearjes oplosse en snuve op Weekend van de Wetenschap

Meiwurkers fan de Fryske Akademy hawwe mei it Weekend van de Wetenschap wer tsientallen bern en harren âlden ferteld oer de Fryske taal, skiednis en erfgoed.

Fikingskatten sykje en prate mei in AI-robot

Hoe kin it dat wy Fikingskatten yn ús Fryske boaiem fine? En wêrom prate se yn Noard-Dútslân ek Frysk? Hoe rûkt Fryslân eins en wat seit dat oer wa't wy binne? 

Taalwittenskippers en histoarisy fan de Fryske Akademy hawwe mei it Weekend van de Wetenschap sjen litten hoe't talen mei-inoar ferbûn binne, wat der ferburgen leit yn de Fryske boaiem en hokker geuren Fryslân sa bysûnder meitsje. 

Bern koenen mei leuke taalpûzels ûntdekke hoe meartalich oft se eins al binne, en ek hoe't se mei harren kennis fan it Nederlânsk en Ingelsk miskien wol mear fan it Frysk en Dútsk witte as dat se sels tochten. 

Prate mei in Frysktalige AI-robot

Undersiker Dylan Rose liet bern prate mei syn Frysktalige AI-robot Jip. En by de geurtafel fan it ûndersyksprojekt Een Neus voor Erfgoed koenen minsken oan geurkes rûke. Hokker oantinkens en gefoelens ropt dat op?