Skip to main content Skip to page footer

Minsken rûke oan it geurmeubel (foto: Marieke Balk)

Frysk geurmeubel op rûnreis troch Fryslân. Kom snuffeljen!

Foar it projekt Een neus voor erfgoed gean ûndersikers op rûnreis troch Fryslân om geurûnderfiningen op te heljen. Kom snuffeljen oan it spesjaal ûntwurpen geurmeubel en diel dyn ûnderfiningen. Wat binne eins de geuren fan Fryslân? Hoe geane we oer dizze roken yn petear, en hoe kinne we se fêstlizze foar de takomst?

Workshops

Om antwurd op dy fragen te krijen geane ûndersikers fan it Meertens Instituut mei de Fryske Akademy op rûnreis troch Fryslân. Kom snuffeljen oan de luchtsjes fan it spesjaal ûntwurpen snuffelmeubel en diel dyn ûnderfiningen, oantinkens en ferhalen! It geurmeubel is op toer troch Fryslân: 

  • Fan 14 septimber o/m 2 oktober: Academie van Franeker
  • Op sneon 3 oktober: Weekend van de Wetenschap - Campus Fryslân, Ljouwert
  • Fan 6 oant en mei 27 oktober: Tresoar, Ljouwert

Der wurde ek workshops hâlden op:

  • Snein 20 septimber, Academie van Franeker. Workshop troch Eveline de Smalen
  • Sneon 3 oktober, Weekend van de Wetenschap (Campus Fryslân, Ljouwert). Workshop troch Lesine Möricke
  • Tiisdei 20 oktober, Tresoar, Ljouwert. Workshop troch Eveline de Smalen

Wittenskippers en parfummakkers op geurkuier troch Fryslân

Geregeld giet it team ek op ‘Smell Walk’, in geurkuier by aromatyske plakken yn Fryslân del. Yn juny dit jier rjochte de geurenjacht him op it natuerlânskip fan de Snitsermar, Terherne. Yn dizze fideo sjochst hoe't haadsiker Inger Leemans har noas achternei giet, en hoe't se de geurûnderfiningen fêstleit. Dat is somtiden noch bêst in put. "Eins brûkst de hiele tiid deselde wurden foar geurûnderfiningen dy't sa oars binne. It rûkt hjir by it wetter fris, mar wol in hiel oar soart fris as ast by de see bist. ” Ek Aukje Dantuma (fan parfumhuis International Flavors & Fragrances) en Jeroen Wiersma (fan Landschapsbeheer Friesland) snuffelen mei.

Undersyksprojekt Een Neus voor Erfgoed

De syktocht nei Fryske geuren is ûnderdiel fan it ûndersyksprojekt Een Neus voor Erfgoed, dêr't ûndersikers fan it Meertens Instituut en de Fryske Akademy gearwurkje mei kreatyf ûntwerpers en parfumeurs om de geuren fan it Fryske plattelân te ûndersykjen en 'ten neuze te brengen'. Se hoopje rook sa in dúdliker plak te jaan yn it erfgoedbelied. Partners binne de Fryske Akademy, IFF (International Flavors & Fragrances) en ûntwerper Lotte Meeuwissen.

Meidwaan oan de enkête?

Friezen, Friezen om utens of minsken mei in bining mei Fryslân wurde fan herten útnûge om mei te dwaan oan it ûndersyksprojekt troch de online fragelist yn te foljen. Dat kin sawol yn it Frysk as it Nederlânsk.