Fryske Akademy en Campus Fryslân wurkje gear oan taaltechnology mei FLARESlab
Op freed 13 novimber 2026 (fan 13:30 oere ôf) demonstrearje ûndersikers fan beide ynstituten in tal rinnende projekten, sa as bygelyks in syntetyske Fryske stim, in Frysktalige robot dy't mei dy prate kin, nije tapassings foar spraak- en oersettechnology en in nij mienskiplik platfoarm foar ynnovaasje en ûndersyk.
De Fryske Akademy en Campus Fryslân organisearje dit evenemint yn it ramt fan it nije gearwurkingsynisjatyf FLARESlab, dat stiet foar Fryslân Language Technology Research Lab. By dizze gearkomste bringe hja ûndersikers, oerheden, kulturele ynstellings, bedriuwen, en oare ynteressearren byelkoar om de takomst fan it Frysk yn it digitale tiidrek te bepraten. Neist de presintaasjes fan de nije ûntwikkelings op it mêd fan Fryske taal- en spraaktechnology, wol de organisaasje ek graach mei-inoar yn petear oer kânsen foar takomstige gearwurking. Elkenien is fan herte wolkom om hjir by oan te skowen.
De fiertalen fan de presintaasjes binne Ingelsk, Nederlânsk en Frysk. De tagong is fergees, de middei is om 16:00 oere hinne klear.
Lokaasje
Campus Fryslân, Wirdumerdijk 34, 8911 CE Leeuwarden
Programma
13:30 – 13:45: Ynrin
13:45 – 14:00: Offisjele iepening (Fryske Akademy, Campus Fryslân en deputearre Eke Folkerts)
14:00 – 14:45: Yntroduksje FLARESlab en projektdemonstraasjes
14:45 – 15:00: Skoft
15:00 – 16:00: Diskusje oer de takomst fan Fryske taaltechnology: lytse talen, taaloplossings en AI
16:00: Buorrel
Oanmelde
Fanwegen in beheind tal plakken is oanmelde needsaaklik. Dat kin fia dit formulier >>.