Skip to main content Skip to page footer

Fryske Akademy praat oer takomst wurkmienskip

Fryske Akademy praat oer takomst wurkmienskip en Citizen Science

Hoe moat de wurkmienskip fan de Fryske Akademy der út komme te sjen om it takomstbestindich te meitsjen? Dêroer hawwe fertsjintwurdigers fan wurkferbannen en wurkgroepen begjin juny fan gedachten wiksele.

De gearkomste waard laat troch Jantine van der West fan de Fryske Akademy. Sy is yn septimber 2024 oansteld foar Citizen science en kennisbenutting en hâldt har dwaande mei dizze wurkmienskip: hoe kinne wy in dynamysk citizen science-netwurk fasilitearje dêr’t akademisy, boargerwittenskippers en oare nigethawwers gearkomme kinne? Hoe slagge wy in duorsume brêge tusken wittenskip en de bredere Fryske mienskip? Hoe komt sa’n netwurk derút te sjen?

Wat is Citizen Science?

Citizen Science is in foarm fan wittenskiplik ûndersyk dêr’t boargers op aktive wize in bydrage leverje oan wittenskiplik wurk. Dizze metoade draacht by oan it demokratisearjen fan de wittenskip troch it proses fan kennisproduksje iepen te stellen foar boargers. Undersikers en boargers wurkje gear om nije kennis te produsearjen en de ôfstân tusken wittenskip en maatskippij te ferlytsjen. Troch mear yn te setten op citizen science wol de Fryske Akademy har duorren iepenje foar de bredere mienskip. Unyk oan de Fryske Akademy is dat it wittenskiplik ynstitút al sûnt de oprjochting yn 1938 bout op dizze groep minsken, dy’t har tige bot ynset om nije (wittenskiplike) kennis te ûntwikkeljen en te fersprieden. 

Yn de gearkomste hat Jantine har plannen presintearre hoe't de wurkmienskip der yn de takomst útsjen kinne soe. Oanwêzigen koenen der op reagearje en ek harren ideeën deroer diele. De kommende tiid wurdt der fierder neitocht oer de ynfolling fan sa’n nij netwurk foar citizen science en sil fierderpraat wurde mei oare belutsenen en belanghawwenden.

(Yn Ut de Smidte (desimber 2024) stelt Jantine van der West harsels foar en fertelt se oer de nije funksje).