Fryske Akademy tekenet Underwiisakkoart Fryslân 2026-2030
As minsken groeie, groeit Fryslân mei. Dêrom ferbine ûnderwiis- en ûndersyksynstellings, ûndernimmers, oerheden en maatskiplike organisaasjes har mei it Underwiisakkoart Fryslân (UAF) 2026–2030 oan in mienskiplike ambysje: bydrage oan de ûntjouwing fan talint, no en yn 'e takomst. Troch mei-inoar te learen, mei-inoar te ynnovearjen en mei-inoar ferantwurdlikens te nimmen, kinne ûnderwiis, ûndersyk en ynnovaasje ferbûn wurde mei de fraachstikken dy't yn Fryslân libje. Net út eigen belangen wei, mar út in dielde ambysje en ferantwurdlikens foar de regio wei.
De Fryske Akademy is ien fan de partners dy't it akkoart tekenje sil, neist Firda, Hegeskoalle Van Hall Larenstein, NHL Stenden Hegeskoalle, Ryksuniversiteit Grins, Vereniging Friese Gemeenten, VNO-NCW/MKB Noord en oaren. Mei-inoar binne sy it Frysk Underwiisberied, it bestjoerlike ferbûn efter it Underwiisakkoart Fryslân.
Akkoart online
It Underwiisakkoart Fryslân 2026-2030 is as in pdf-bestân del te laden fan de website dy't hjir spesjaal foar makke is. Op dit stuit is der allinne in Nederlânsktalige ferzje fan it akkoart, oan de Fryske en Ingelske oersettingen wurdt noch wurke. De website is al wol yn it Frysk te besjen.
- Underwiisakkoart Fryslân (UAF) 2026–2030 - Startpagina
- Onderwijsakkoord Fryslân 2026–2030 (NL) - PDF Bestân