Fryske Ried foar Heraldyk oerlanget jubileumboek oan kommissaris Brok
Dorpswapens van Fryslân
De publikaasje Dorpswapens van Fryslân is skreaun en gearstald troch de herauten Jan T. Anema en Jelle C. Terluin. Dêryn binne 408 doarpswapens opnommen. Foar doarpen dy’t noch gjin wapen hiene hat de Rie in ûntwerp makke. Dêrmei is dit boek in bysûndere kolleksje fan doarpswapens fan Fryslân.
Heraldyk
Heraldyk, of wapenkunde, is de stúdzje fan it gebrûk fan wapens en heraldyske symboalen. Wapens binne werkenningstekens fan persoanen, famyljes of organisaasjes. De symboalen op wapens sizze wat oer de drager fan it wapen. Yn it gefal fan doarpen giet dat faak om lânskiplike tekens foar greide, akkerbou of bygelyks in stins.
Wapens binne ûntstien yn de midsiuwen, doe’t ridders mei harren swiere útrissing hast net werkenber wienen yn de striid of by in toernoai. Dêrom hiene se tekeningen op harren skyld dy’t dúdlik sjen litte moasten om wa’t it gong. De herauten, dy’t ûnder oaren de toernoaien organisearren, koene dan oan de hân fan de wapens de ridders oankundigje. Tsjintwurdich hâlde herauten harren benammen dwaande mei it ûntwerpen en takennen fan nije wapens. Sa ek Jan. T. Anema en Jelle C. Terluin, twa driuwende krêften efter de Fryske Rie foar Heraldyk, en beide al mear as 60 jier ekspert op it mêd fan wapens.
Bestelle
Wolle jo it boek graach keapje? Dat kin fia de websjop fan útjouwerij Weissenbach. It boek is fan freed 9 oktober ôf ek te keap byby de Afûk.