Skip to main content Skip to page footer

Aftenposten Historie

Fryske skiednis yn Noarske Aftenposten

Undersykssjoernalist Fredrik Larsen fan it Noarske magazine Aftenposten Historie wie yn jannewaris te gast by de Fryske Akademy. 

Larsen prate dêr mei skiedkundigen prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, prof. dr. Hanno Brand, dr. Simon Halink en dr. Han Nijdam oer de histoaryske relaasjes tusken Fryslân en Noarwegen. Larsen besocht ek it Museum Hylpen, it Fries Museum en it Skipfeartmuseum Snits. 

It resultaat fan syn besite is in 10-bledsiden lang artikel yn dizze tsjokke Noarske glossy, dat ek online te lêzen is nei registraasje. 

> Aftenposten Historie