Skip to main content Skip to page footer

Zelfportret, Wybrand de Geest, 1629. Olieverf op paneel. Fries Museum, Leeuwarden - Bruikleen van het Rijksmuseum, Amsterdam - Gerestaureerd met steun van de Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting.

Gearwurking Genealogysk Wurkferbân en Fries Museum by parenteel De Geest

Yn it Fries Museum is sûnt hjoed in tentoanstelling oer de Fryske keunstner Wybrand de Geest (1592-1663/65), ien fan de wichtichste portretskilders fan de 17de iuw. De tentoanstelling lit de high society en de glamour yn dy tiid sjen oan de hân fan portretten dy't Wybrand de Geest makke fan ûnder oare de Fryske Nassaus. Us Genealogysk Wurkferbân hat spesjaal hjirfoar in aktualisearre genealogysk oersjoch makke fan Wybrand de Geest.

It giet om de parenteel fan Simon Juckes de Geest, heit fan His, Gelis en skilder Wybrand de Geest. In parenteel is de stambeamfoarm dy't útgiet fan de âldst bekende âlden. Op fersyk fan drs. Marlies Stoter, konservator Alde Keunst by it Fries Museum, gie it Genealogysk Wurkferbân oan de slach om in aktualisearre genealogysk oersjoch te meitsjen fan Wybrand de Geest (1592-1663/1665). 

De auteurs fan it oersjoch, Gosse van der Plaats en Mieke Breij, hawwe Wybrand de Geest pleatst yn syn famyljenetwurk. Van der Plaats die ûndersyk nei de famylje yn Ljouwert, Breij nei de tak fan Wybrands âldere broer Gelis yn Utert en nei de rêst fan syn netwurk yn it midden fan Nederlân. 

Dit famyljeoersjoch bestrykt globaal de perioade fan 1550 oant 1750. It ûndersyk jout ûnder mear oan dat Wybrand de Geest nea les hân hat fan syn heit, sa't oant no ta ferûndersteld waard, en toant it belang fan syn broer Gelis foar syn karriêre. Gelis trout yn 1604 yn Utert yn in grifformeard-remonstrants miljeu en wurdt yn 1605 boarger fan dy stêd. Wybrand folget yn Utert syn skildersoplieding en docht dêr wichtige kontakten op. 

Dit parenteel is opnommen as de earste bydrage yn it Genealogysk Jierboek 2024. Dit is as basisdokumint brûkt foar it publyksboek mei essays dat by de tentoanstelling heart, en dat skreaun is troch ûndersikers as prof. dr. Yme Kuiper en oaren.

Mear ynformaasje is te finen by it Fries Museum.