Hanna Hallema wint it Skriuw! Bernediktee 2026
Is der in spûk yn tsjerke of dream ik?” Yn de Steateseal fan de Provinsje Fryslân is Hanna Hallema fan ‘e Fûgelsang út Berltsum tiisdei útroppen ta winner fan it Skriuw! Bernediktee 2026, de skriuwwedstriid foar learlingen út groep 7 en 8. De dikteetekst wie basearre op it spûkferhaal fan Lisanne Okkema fan CBS de Bonkelder út Wytmarsum, dy’t yn april mei har ynstjoering de Skriuw! Ferhalewedstriid wûn.
Hanna hie mar 6 flaters en mocht dêrom in grutte trofee mei nei hûs nimme. Twadde waard Dieuwke Buma fan ’e Master Frankeskoalle út Earnewâld mei 9 flaters. It tredde plak, mei 20 flaters, wie foar Wybe van Stralen fan de Klinkert yn Sleat.
Hast 30 learlingen fan 20 basisskoallen út Fryslân diene dit kear mei oan it diktee. Sjongeres en skriuwer Janneke Brakels lies de dikteetekst foar. De dreechste wurden wiene dochs wol yslik en alderheislikst, mar dochs hiene in soad bern it wol goed skreaun.
Oer Skriuw!
Skriuw! is de fuortsetting fan it Lyts Frysk Diktee, mar yn in oare opset. Foarhinne krigen skoallen oefendiktees tastjoerd, en waarden bern nei in seleksjediktee útnûge foar de dikteefinale op it Provinsjehûs. Skriuw! is folle mear as dat. Skriuw! is in ferhalewedstriid én skriuw-evenemint foar learlingen fan groep 7 en 8. Skoallen kinne kieze om mei te dwaan oan de ferhalewedstriid, it diktee, of beide.
Mei kreative skriuwopdrachten yn de klassen wurdt besocht om safolle mooglik bern Frysk skriuwe te litten. Sa wurkje de learlingen bygelyks ta nei in ferhaal foar de ferhalewedstriid fan Skriuw!. Wa’t it bêste ferhaal skreaun hat wint in priis, en boppedat wurdt it winnende ferhaal as basis brûkt foar de tekst fan it bernediktee fan Skriuw!.
De organisaasje fan Skriuw! yn hannen fan Cedin, Afûk, provinsje Fryslân en Fryske Akademy.
Mear ynformaasje oer Skriuw! is te finen op de website fan Skriuw!.