Hans Van de Velde beset Kening Willem-Alexander Learstoel by Universiteit fan Luik
Kening Willem-Alexander Learstoel
De Learstoel fan Kening Willem-Alexander foar de stúdzje fan Nederlân, oprjochte oan de Universiteit fan Luik yn juny 2017, is it resultaat fan in gearwurking tusken de Luikse universiteit en de Nederlânske ambassade. De Learstoel hat as doel om de stúdzje fan de Nederlânske skiednis, maatskippij, kultuer, taal en letterkunde te befoarderjen. Sa hat de ôfdieling Nederlânsk fan it Departemint Moderne Talen troch de stipe fan de ambassade it foarrjocht om alle jierren in ynternasjonaal ferneamde Nederlânske akademikus út te nûgjen om kolleezjes en wittenskiplike lêzingen te jaan oer tema's út syn of har fakgebiet.
Prof. dr. Hans Van de Velde is de achtste akademikus dy't foar dizze Learstoel útnûge wurdt. Earder beklaaiden de professoren Joseph Theodoor Leerssen (2017-2018) en René Boomkens (2018-2019), de professoren Gloria Wekker (2019-2020/2020-2021) en Nicoline van der Sijs (2021-2022), professor Frank van Vree (2022-2023), professor Margriet van der Waal (2023-2024) en professor Johan Heilbron (2024-2025) de Learstoel.
Oer Hans Van de Velde
Hans Van de Velde (1969) groeide op yn Uitbergen (BE) en studearre Germaanske filology oan de Universiteit Gent. Yn syn stúdzje joech er yn 'e simmerfakânsje Nederlânsk oan Frânsktaligen. Nei syn ôfstudearjen ferhuze er nei Nederlân om sosjolinguistysk ûndersyk te dwaan oan de Radboud Universiteit yn Nijmegen. Dêr helle er yn 1996 syn doktoraat mei in stúdzje oer de fariaasje en evolúsje fan de útspraak fan it Standertnederlânsk. Dêrnei kearde er werom nei België om oan de Vrije Universiteit Brussel te wurkjen as lektor Nederlânsk.
De akademyske foarútsichten wiene lykwols oantrekliker yn Nederlân, dêr’t er yn 2002 weromkaam as dosint sosjolinguistyk oan de Universiteit Utrecht. Yn 2014 fêstige er him noch noardliker doe't er haadsiker waard by de Fryske Akademy. Sûnt 2019 is er ek heechlearaar sosjolinguistyk oan de Universiteit Utert, dêr't er him benammen dwaande hâldt mei de taalsituaasje yn Fryslân.
Van de Velde is in spesjalist op it mêd fan taalfariaasje en taalferoaring, standerdisaasjeprosessen, sosjofonetyk en de ‘r’-klank. De ôfrûne 35 jier hat er him yn syn ûndersyk benammen rjochte op regionale fariaasje yn it Nederlânsk, mar hy hat ek – faak yn gearwurking mei studinten en promovendy – oare talen en taalfariëteiten bestudearre, lykas it Bahasa Yndonesia, it Ingelsk, it Gryksk, it Mandarijn, it Syrysk en it Wu. By de Fryske Akademy bestudearret er it Frysk, it Nederlânsk en de mingde farianten dy't yn Fryslân praat wurde. Dêrneist hat er gâns projekten laat op it mêd fan de ûntwikkeling fan digitale taalhelpmiddels foar it Frysk en meiwurke oan de ûntwikkeling fan oare ûndersykstools.
Van de Velde wie gastdosint oan de Universiteit van Pennsylvania (2003), de Katholieke Universiteit Leuven (2005), de Universiteit fan Florida (2007), de Universiteit fan Nanjing (2010, 2015) en de Universiteit fan Zürich (2017, 2018) . Hy is redakteur fan it Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde en lid fan de redaksjeried fan Taal & Tongval en World Histories of Lexicography and Lexicology. As lêste is er foarsitter fan de ried fan bestjoer fan LOT – Netherlands Graduate School of Linguistics.