Skip to main content Skip to page footer

(Foto: Anton Weidenaar)

Histoarysk ûndersyk te spyljen yn nij rollespul oer kening Redbad

Wittenskippers, musea en game-ûntwerpers bringe de iermidsiuwske Noardseewrâld ta libben yn Mythwatch: The Age of Redbad.

Spulwrâld basearre op nij ûndersyk

Hoe seach de wrâld fan kening Redbad derút? Hoe reizgen minsken lâns de Noardseekust? Hokker goaden ferearden se, hokker talen praten se en hoe seach it lânskip derút dêr't se yn libben? 

Dy fragen stean sintraal yn Mythwatch: The Age of Redbad, in nij histoarysk rollespul dat ûntwikkele wurdt troch Stichting Mythemakers út Fryslân yn gearwurking mei wittenskippers, archeologen en musea út Nederlân en Dútslân. 

Dit is it earste histoaryske rollespul dat streekrjocht fuortkomt út in ynternasjonaal ûndersyksprojekt. Lânskippen, personaazjes en ferhaallinen binne basearre op aktueel wittenskiplik ûndersyk nei de iermidsiuwske Noardseewrâld.

Mythwatch: The Age of Redbad ferskynt op 4 septimber 2026 yn in lúkse doaze-útfiering en is te krijen fia de webshop fan Mythemakers, online ferkeapkanalen en de museumwinkel fan it Fries Museum. By de útstalling REDBAD: de legindaryske kening (5 septimber 2026 o/m 7 febrewaris 2027) wurde yn it museum en op oare lokaasjes ferskate spuljûnen organisearre. It spul giet no yn de foarferkeap: sjoch foar mear ynformaasje op www.mythwatch.nl of www.friesmuseum.nl/mythwatch. It spul sil alderearst beskikber wêze yn it Nederlânsk en Ingelsk, in Dútske ferzje is yn ûntwikkeling.

Spulwrâld basearre op nij ûndersyk
 

Yn Mythwatch krûpe spilers yn de hûd fan ferhalefertellers yn it iermidsiuwske Frisia. Hokker karren makkest as hanneler, kriger of reizger yn in wrâld fan hannel, diplomasy, leauwe en striid? Hoe giest om mei de spanningen tusken âlde goaden en nije oertsjûgingen? De spulwrâld is streekrjocht basearre op rinnend wittenskiplik ûndersyk. Foar de ûntwikkeling wurke Mythemakers nau gear mei ferskate ûndersikers binnen it REDBAD-projekt. Sa foarmet it ûndersyk fan lânskipsarcheolooch Mans Schepers (Ryksuniversiteit Grins) nei de libbensomjouwing fan kustbewenners om it jier 700 hinne de basis foar it lânskip dêr't spilers yn reizgje. 

Ek de ekspertize fan âldfrisist en histoarysk antropolooch Han Nijdam (Fryske Akademy) is yntinsyf ynset. Syn ûndersyk nei de wrâld fan kening Redbad, iermidsiuwske geloofsfoarstellingen, taal en fertelkultuer holp de spulmakkers by it rekonstruearjen fan de kulturele eftergrûn fan it spul. Oant yn de lytste details waard dy kennis ferwurke, bygelyks yn de âldfryske nammen fan Odins raven Huginn en Muninn: Hei en Minke.

Ek de personaazjes binne ynspirearre op archeologyske fynsten. Sa kinne spilers kieze foar in herder dy't ynspirearre is op de Man fan Bernuthsfeld. Dit is in útsûnderlik feanlyk fan in man út de omjouwing fan Aurich dy't om it jier 700 hinne libbe. Syn trouwe hûn Oda is ôflaat fan in hûneskelet út de kolleksje fan it Fries Museum, dêr't resint ûndersyk mear ynsjoch fan joech yn uterlik en libben. 

It spul jout ek in gesicht oan de legindaryske kening Redbad en syn dochter Theudesinde. Hoewol't der in portret fan Redbad út de 17e iuw is, hat Mythemakers yn gearwurking mei Diana Spiekhout (konservator Fries Museum) en Frederique Nobel (visual artist) in ympresje ûntwikkele fan syn gesicht doe't syn keninkryk op it hichtepunt wie. Der is net folle bekend oer de dochter fan Redbad, mar troch ek har in gesicht te jaan wol it spul ek it froulike perspektyf sjen litte yn de wrâld fan Redbad.

Skiednis belibje

Mei Mythwatch wolle de makkers nije doelgroepen yn de kunde komme litte mei skiednis. Net troch skiednis allinnich te lêzen of te besjen, mar troch der aktyf ûnderdiel fan te wurden. It spul is mei ûntwikkele mei input út it jongereinwurk (Wytse Wierda fan sosjaal wurk de Kear) en studinten fan Firda en NHL Stenden ûntwikkelje fideomateriaal en fisuals. Ferline jier hawwe der meardere testmominten foar it spul west by ûnder oare jeugdhelporganisaasje Team050 yn Grins en yn Observeum yn Burgum. Sa koene jongeren meitinke en feedback jaan op de ûntwikkeling fan it spul. 

It spul en losse spuleleminten wurde takom skoaljier ynset by Firda as ûnderdiel fan de fakken boargerskip en brede foarming. Krekt foar jongeren dy't minder goed oanslute by tradisjonele foarmen fan ûnderwiis kinne sokke spulfoarmen in weardefolle wize wêze om kennis op te dwaan en selsbetrouwen te ûntwikkeljen. Ynternasjonaal ûndersyk lit sjen dat rollespultsjes dielnimmers stimulearje om gear te wurkjen, perspektiven fan oaren yn te nimmen en komplekse situaasjes mei-inoar op te lossen. Ek eigen ûndersyk fan Mythemakers mei Team050 stipet dit, wêrby't ambulante helpen konkludearren dat harren jongeren better mei ûnbekenden kommunisearje learden en mear út harren skulp krûpten. 

"Het is ontzettend gaaf dat dit een historisch spel is dat gebaseerd is op echt wetenschappelijk onderzoek," fertelt Diana Spiekhout, konservator by it Fries Museum. onderzoek,” vertelt Diana Spiekhout, conservator bij het Fries Museum. “Wetenschappers hebben geprobeerd de wereld van Redbad zo nauwkeurig mogelijk te reconstrueren. Er zijn enorm veel onderzoekers bij dit project betrokken en zij brengen al hun kennis samen om een zo compleet mogelijk beeld van die periode te schetsen."

Crowdfundingkampanje

Om de fierdere ûntwikkeling fan it spul mooglik te meitsjen set ynkoarten in crowdfundingkampanje útein fia Gamefound. Dêrmei wolle de makkers ekstra yllustraasjes, histoaryske kaarten, nije aventoeren en oanfoljende útwreidings realisearje. 

Fan septimber 2026 ôf spilet Mythwatch ek in rol binnen it publyksprogramma fan de tentoanstelling REDBAD: de legindaryske kening. It spultsje sil mei spesjale aktiviteiten te belibjen wêze en is te krijen yn de museumwinkel fan it Fries Museum.