Skip to main content Skip to page footer

KFG-Sieperda-sympoasium: 'Ferlet fan ferbining: Fryske kontakten, 1925-2025'

Op freed 11 april organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip,  yn ’e mande mei de redaksje fan De Vrije Fries, Tresoar en de Fryske Akademy, it KFG-Sieperda-sympoasium 'Ferlet fan ferbining: Fryske kontakten, 1925-2025' oer Fryske kontakten yn de ôfrûne iuw oer de wrâld hinne. 

Sprekkers binne Jelle Krol (taalkundige, teamlieder Fryske literatuer by Tresoar), Ine Megens (histoarikus), Jurjen van der Weg (sosjaal geograaf by de gemeente Ljouwert), Jelte Olthof (universitêr dosint Amerikanistyk, Ryksuniversiteit Grins), Peter Postma (dosint International Business, Hanzehegeskoalle) en Alex Riemersma (emearitus lektor Frysk en meartaligens). 

Programma

It folsleine programma fine jo ek op de KFG-website.

13:00 Ynrin mei kofje en tee
13.30 Iepening en wolkom troch Joop Koopmans (foarsitter KFG en sympoasiumfoarsitter)
13:40 Jelle Krol, De Grutfryske Kongressen yn it ynterbellum
14:05 Ine Megens, Tussen hoop en vrees: Nationale minderheden en Europese samenwerking na de 
Eerste Wereldoorlog
14:30 Jurjen van der Weg, 100 jier Bernlef (1925-2025): Fryske stúdzje, Fryske aksje of Fryske wille?
14:55 Skoft
15:15 Jelte Olthof en Peter Postma, "Wrâldfriezen”: De Amerikaanse Droom van een Greater 
Fryslân tijdens en na de Tweede Wereldoorlog
15:40 Alex Riemersma, Fryske spinnen yn it web fan de Europeeske minderheidstalen sûnt 1980
16:05 Diskusje
16:25 Sluting
16:30 Buorrel

Koarting

Stipers fan de Fryske Akademy krije koarting op de yntreepriis en betelje €5,- (oare belangstellenden betelje €7,50.) 

Wêr: Tresoar (Boterhoek 1, Ljouwert)
Wannear: freed 11 april (13:30-17:00 oere)
Opjefte: uterlik 8 april 2025 op info@friesgenootschap.nl (tagelyk mei beteljen)
Kosten: € 5,- foar KFG-leden en studinten en € 7,50 foar oare belangstellenden, oer te meitsjen op bankrekken NL33ABNA 0450289001 o.n.f. Koninklijk Fries Genootschap te Ljouwert

Opjefte graach foar 8 april by de organisaasje