Skip to main content Skip to page footer

Konvenant Bachelor Frysk. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm. Foto: Eke Folkerts

Konvenant Bachelor Frysk oan Ryksuniversiteit Grins ûndertekene

Ryk, Provinsje Fryslân en Ryksuniversiteit Grins hawwe tongersdei 10 july in konvenant ûndertekene foar in nij bachelorprogramma Fryske taal en kultuer oan de Faculteit der Letteren.

It konvenant makket it mooglik om fan septimber 2026 ôf in folweardich, duorsum en tagonklik bachelorprogramma Fryske taal en kultuer te folgjen en de rike akademyske tradysje op dit mêd fuort te setten. De dielnimmende partijen oan it Konvenant binne it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW), it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK), Provinsje Fryslân en de Ryksuniversiteit Grins. 

Gearwurking tusken ynstituten

Nelleke IJssennagger-van der Pluijm fan de Fryske Akademy waard útnûge om nei de ûndertekening fan it konvenant in reaksje te jaan. As direkteur-bestjoerder is se der tige wiis mei dat der wer in folsleine bacheloroplieding Frysk op priemmen set wurdt. As kennisynstelling hat de Fryske Akademy in ûndersyksaginda opsteld wêrby't de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf besjoen wurdt. Dat is ek wat de KNAW-kommisje advisearre yn syn rapport ‘De toekomst van de frisistiek’ út 2024. Dêryn waard steld dat ’…de Frisistiek niet zozeer één ‘vak’ of discipline is, maar een multi- en soms interdisciplinaire manier om zich vanuit een fundamentele dan wel toepassingsgerichte invalshoek te verhouden tot de Friese casus.' 

IJssennagger-van der Pluijm beklamme dat de Fryske Akademy fan spesjalistische kennis út ferhalen fertelle wol dêr't taal, kultuer, skiednis, lânskip, erfgoed en identiteit mei elkoar gearhingje. “Dit is ek krekt hoe’t wy de takomst fan it Frisistyske ûndersyk én ûnderwiis sjogge, en dat tsjinnet sawol in fûneminteel akademyske as in direkt maatskiplik belang. As der al ien boadskip fan myn wurden hjoed hingjen bliuwt, dan hoopje ik dat it dizze is: dat neist dizze ynhâldlike blik op de takomst fan de Frisistyk, de takomst boppe-al leit yn de gearwurking tusken ynstituten en yn de ferbining tusken ûndersyk en ûnderwiis.”