Skip to main content Skip to page footer

Leksikograaf Hindrik Sijens 40 jier by de Fryske Akademy

Wurdboekmakker Hindrik Sijens is moandei 1 desimber yn it sintsje set foar syn 40-jierrich tsjinstjubileum by de Fryske Akademy.

Hindrik Sijens (Twizel, 1960) studearre Fryske taal- en letterkunde oan NHL Stenden (Ljouwert) en de Universiteit van Amsterdam. Yn 1985 kaam hy oan it wurk by de Fryske Akademy en wie ûnder oaren redakteur fan it Wurdboek fan de Fryske Taal (1984-2011) en it Frysk Hânwurdboek (2008). Dêrneist publisearre er artikels oer bakkersfaktaal, neologismen yn it Frysk, Ingelske lienwurden yn it Frysk, de Fryske stavering en wurdboekportalen.

Sijens is op it stuit redakteur fan it Online Nederlânsk-Frysk wurdboek en Frysker en wurket mei oan de nije Fryske Bibeloersetting. Dêrneist sit er yn it bestjoer fan Euralex (Europeeske Assosjaasje foar Leksikografy) en is er foarsitter fan de sjuery fan it Grut Frysk Diktee.

Hichtepunten

Yn 40 jier tiid makke Sijens in soad mei by de Fryske Akademy. “In hichtepunt yn myn karriêre is it Euralex-kongres yn Ljouwert yn 2010. Keninginne Beatrix wie dêr ek by oanwêzich en hat doe mei in druk op 'e knop it Wurdboek fan de Fryske taal online set.”

In oar momint dat him bybliuwe sil is it Frysk Diktee yn 2018. “Goed 600 dielnimmers dienen yn it jier fan de Kulturele Haadstêd mei oan it diktee. Se sieten yn de bûtenloft op it Aldehoustertsjerkhôf. It wie in prachtige simmerskyndei.”

Yn fjouwer desennia seach Sijens ek dat der in soad feroare. “Fan papieren wurdboeken binne we oergien nei digitaal en online te rieplachtsjen wurdboeken en apps. It is belangryk om mei de tiid mei te gean.”

Pensjoen

Oer oardel jier giet Sijens mei pensjoen. “Minsken freegje wolris: ‘hoelang moatst noch?’, mar sa fielt it foar my lokkich net. Ik antwurdzje dan dat ik noch oardel jier mei!"