Lêze as superkrêft! Read with MEE sympoasium oer meartaligens by jonge bern
‘Reading as a Superpower’
In soad bern yn Europa groeie op yn in meartalige omjouwing, mei minderheids-, mearderheids-, flechtlingen- en migrantetalen deromhinne. Dat bringt unike útdagingen mei him mei foar âlden, fersoargers en learkrêften.
It evenemint ‘Reading as a Superpower’ ûndersiket hoe’t dy útdagingen har yn ferskate Europeeske lannen foardogge en giet djipper yn op hoe’t wy meartalige bern en harren folsleine taalrepertoire it bêste stypje kinne.
It evenemint is bedoeld foar elkenien dy't ynteresse hat yn it meartalige taalwinnen fan bern of in passy hat foar it fertellen fan ferhalen of it foarlêzen oan bern. Biblioteekmeiwurkers, taalbeliedsmeiwurkers, studinten taalkunde en pedagogyk, âlden en fersoargers, en alle oare ynteressearren binne fan herte wolkom om diel te nimmen oan it evenemint.
Programma
By it evenemint wurde inkelde fan de nijste ynsichten út it ûndersyk nei meartalige taalûntwikkeling presintearre, lykas kreative praktykfoarbylden, mei sprekkers út Ierlân, Spanje, België en Nederlân:
- Dr. Rory Mc Daid (Marino Institute of Education; Ierlân)
- Dr. Diana Lindsay (learare-oplieder en auteur fan lesmateriaal; Baskelân, Spanje)
- Eline Decraene (Universiteit Gent; België)
- Lida Dijkstra (auteur; Fryslân)
Dêrneist sille ynternasjonale teamleden fan Read with MEE bydrage en presintaasjes jaan oer it ferskate lesmateriaal dat sy de ôfrûne trije jier ûntwikkele hawwe. Hjirûnder falle ûnder mear in hânboek oer iere taalûntwikkeling, fideo’s mei foarbylden fan bêste praktiken út hiel Europa en in ynteraktyf lêsspul.
Registraasje (fergees)
Dielname oan it evenemint is folslein fergees en is ynklusyf lunch, tee en kofje. Registraasje yn 't foar is needsaaklik.
Fanwegen it ynternasjonale karakter fan it evenemint binne de presintaasjes yn it Ingelsk; fragen út it publyk binne lykwols wolkom yn it Frysk en it Nederlânsk.
Datum: moandei 19 oktober
Tiid: 10:00 -15:30 oere
Lokaasje: NHL Stenden Hegeskoalle - Ljouwert (NL)
Registraasje: fia dit formulier
Mear ynformaasje: Read with MEE website